-7- Oer dy ferheging fan'e lesten it folgjende. De ôffalstoffenheffing is yn 1987 mei 5% ferhege, yn 1988 mei 1,5%, yn 1989 mei 11% en aanst komt der noch 10% by. It betsjut al mei al in ferheging mei 40, Derby komt noch in rioalheffing fan 125, Hy konstatearreat dat it foarnimmen fan it kolleezje om lêstenferswiering te foaren te komme net útkommen is. It kolleezje wurkprogram is op dat punt fan'e baan. Ut de maitiidsnota docht bliken dat fral de swakke groepen sa as de jongerein, de alderein en de wurkleazen de pineut binne. No't de lesten ferhege wurde sil op'e nij in protte swakkeren troffen wurde. Wa hat de kennis om gebrûk te mietsjen fan'e regeling ta frijskatting? Hy tinkt dat in grutte groep dêr gjin gebrûk fan makket. It minimabeleid en dat moat net fergetten wurde al hoe goed it ek is, kostet in soad jild. It freget gâns minskkrêft en aas der tocht wurdt oan personiels- ynkrimping sil ek betocht wurde dat de útfiering fan dat belied al gau it lean fan in heale amtner ferget. By de lêstenferheging mat ek goed betocht wurde dat it ek foar de minsken dy't krekt boppe it minimum sitte der net makliker op wurdt. Hy fynt dat lêstenferheging it léste wêze moat wat dien wurdt om de finansjele swierrichheden te boppe te kommen. Yn dat ferbên hat hy noch inkelde fragen. Hy wol fan it kolleezje witte oft se it belied fan sa min mooglik lêstenferhe ging noch hanthavenje wol. Hy freget wat it kolleezje tinkt te dwaan mei de post "winstuit kering gasbedrijf" dêr't insidenteel 150.000,op stiet. Wêrom is dy post net struktureel? Hoe heech is de winst fan it gasbedriuw eins? Nei syn idee wurdt dat sjoen it riedsbeslút fan oktober 1988 sa'n 300.000, Dat jild is net meinommen as ynkomste. Hy wol graach witte wêrom't dat net ynfold is en ek wat de strukturele bestimming is fan dat jild. Wethêlder Faber seit dat de finansjele sitewaasje in eltsenien dúdlik is. It kolleezje hat tocht by de begrutting foar 1989 dat dy frij reëel wie. Oant foar 6 wiken werom, doe't de maitiidsnota yn it kolleezje besprutsen waard, hie it kolleezje noch it gefoel dat de maatregels dy't nommen wiene, sa as it krijgen fan in bettere kredytbewaking, foldwaande wêze soene. Doe kamen de lûden dat it wolris tsjinfalle koe en hoe't it tsjinfallen is stiet yn it útstel dúdlik oanjûn. Yn de nota is yn earste ynstênsje tawurke op de goedkarring troch Deputearre Steaten fan'e begrutting en it giet dan fral om it befriezen fan'e útjeften. It kolleezje wol komme ta in sa breed mooglike weroriëntaasje en de earste stappen dêrta bin al setten. It ûndersyk sil him rjochtsje op apparaat en bestjoer. It giet der ek om de motivaasje fan meiwurkers en bestjoer wer op te fizeljen. Fansels is it tryst dat saken dy't by de "fitsenaris"operaasje opfierd binne no beferzen wurde moatte. Dernjonken binne der noch tal fan winsken dêr't we noch net oan ta kommen binne. 0067V 30

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 10