-8- Der soe bygelyks folie mear ynvestearre wurde moatte yn it ûnderhâld fan wegen mar dy romte is der net. Dy romte te sykjen is de ynset om te kommen ta in weroriëntaasje fan it gemeentlik takenpakket en om te kommen ta in ûndersyk nei effisjinsy en effektiviteit. It is dus net yn earste ynstansje om de begrutting slutend te krijen. Mei it oannimmen fan'e maitiidsnota is ommers de begrutting wer slutend. Omt M.Z.C. en G.0. mear tiid nedich hawwe de plannen foar it ûndersyk te bepraten hat it kolleezje besletten earst yn septimber útein te setten, alhoewol't it graach direkt begjinne wold hie. It is tige wichtich dat der aanst by de begrutting foar 1990 wat mear ynsjoch is yn hokfoar rjochting wy útgean sille mei Boarnsterhim. De winskelist sil by de weroriëntaasje hiel wichtich wêze om te hifkjen wêr't de spearpunten fan it beleid lizze sille. De diskusje dêroer sil noch yn kolleezje en ried fierd wurde moatte. Foar berne-opfang komme aanst jilden frij fanút it ryk, de saneamde Oort-jilden. Om dêrfoar yn oanmerking te kommen moatte we wol in plan hawwe foar 1990 en dat sil no ek yn ús gemeente barre. It kolleezje hat der hiel direkt oan wurke dat de sifers fan'e jierrekken bekind binne foardat de nije begrutting fêststeld wurdt. Meikoarten sille de wurklike sifers oer 1988 al bekind wêze sadat dy brûkt wurde kinne as de begrutting foar 1990 behannele wurdt. Al de saken dy't no troch de maitiidsnota beferzen binne, binne by de weroriëntaas je op'e nij in besprek, om te sjen hokfoar bedragen werd opfierd wurde sille. It projekt Dearsum hat gjin iepen ein. De sifers binne bekind en it einrapport sil yn augustus yn'e ôfdieling en yn septimber yn'e rie behannele wurde. De signalen binne sa dat de winst fan it gasbedriuw net tsjinfalle sil. Omt net krekt bekind is hoe heech it bedrach wêze sil is in p.m.-post opfierd. It K.C.A. wurdt miljeuhygiënysk troch it bedriuw Spitman ôffierd. Yn ús gemeente wurdt yn ferhâlding folie mear lyts gemysk êffal ophelle en dêrtroch binnen de stoartkosten heger. De provinsjale bydrage dêr't frou Aukes op tsjut sil ús gemeente ek krije. Yn it evaluaas jerapport stie ek al oanjûn dat we rjocht hawwe op dy subsydzje. It subsydzjebedrach is ek altiten meinommen yn'e hiele berekkening. Fansels is it foar groepen minsken hiel yngripend wat der allegearre bard. It beleid sa't dat útfierd wurdt is wol jild foar, it giet der no om dat der gjin útwreiding fan'e aktiviteiten plak fine sil fan bygelyks alderein- en jongereinwurk. By de weroriëntaasje sil ek it punt bepraten wurde yn hoefier it belied fan "de vervuiler betaalt" trochfierd wurde sil of hokfoar oare wize fan finansierjen der oars brûkt wurde moat. It beleid oangeande it P.M.Z.W. hat mei de maitiidsnota neat fan dwaan en it is spitich dat it no wer sa foar it fuotljocht komt. It minimabeleid is yn'e rioalheffing al romte foar makke yn safier dat der rekken hélden is mei in bedrach dat frijskatten wurde sil. 0067V 31

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 11