-9- Se sjocht it ferbân net dat de hear Van der Baan lein hat tusken personielsynkrimping oan'e iene kant en de minskkrêft dy't nedich is om it minimabelied stâl te jaan oan'e oare kant. De winst fan it gasbedriuw is no noch net struktureel opfierd. Se tinkt dat as aanst de sifers bekind binne ris neigien wurde moat hokfoar bedrach reëel is om dat struktureel op te fieren, Dy diskusje kin aanst by de behanneling fan'e begrutting 1990 fierd wurde. Ek de fraach of it belied om safolle mooglik lêstenferheging te foaren te kommen hanthavene wurde sil is typysk in fraach dy't by de weroerwaring steld en beantwurde wurde kin. Mevrouw Aukes zegt dat zij in grote lijnen kan instemmen met de antwoorden van wethouder Faber. De toezegging dat het een onderzoek in de breedte wordt, betreffende mensen en centen, doet haar goed. Ook is zij ingenomen met het feit dat de cijfers over 1988 straks al gauw bekend zijn. Het bedrag van 21.500, is wel cijfermatig uitgegeven maar zij heeft begrepen dat het college daar nog niet beleidsmatig een beslissing over heeft genomen. Zij doet de suggestie dat geld te gebruiken voor het âldereinwurk. Wat Dearsum betreft gaat het er haar fractie om dat de gemeente garant staat voor de hele financiële afwikkeling. Zij is er dan heel benieuwd naar hoe de cijfers er in september uit zullen zien. Als het K.C.A. milieuhygiënisch wordt afgevoerd kan onze gemeente een provinciale premie krijgen. Zij denkt dat in de evaluatienota rekening is gehouden met een andere soort subsidie. Het lijkt haar de moeite waard daar nog eens goed naar te informeren. De hear Van der Baan seit dat wethâlder Faber steld hat dat in bedrach fan 150.000,winst út it gasbedriuw reëel is. Dan bliuwt dus de fraach werom as dat bedrach net struktureel opfierd is. Omt hy fan betinken is dat 300.000,ek in reëel bedrach is bliuwt hy derby dat dy 3 ton struktureel opfierd wurde kinne. Dêrmei kin de begrutting rûnbreide wurde en hoecht der net besunige te wurden op it âlderein- en jongereinwurk ensf. en hoecht ek de óffalstoffenheffing net ferhege te wurden. Hy hat it idé dat de wethâlder der gewoan net oan wol wylst it dochs in hiel brûkbere suggestje is. Yn it stik stiet dat der op personielskosten 100.000, besunige wurde moat. Dêrnjonken binne der yn it ferline ek al ynkrimpings west, tink oan'e fakatuerestop en al realisearre personiele besunigings. Der is dus al it ien en oar bard yn dy sektor Hy hat dochs wol twifels oer de kar fan it organisaasjeburo. Misschien kin der op in oar tiidstip nochris oer praten wurde. Hoe komt it eins mei de garânsje foar de begelieding yn it gemeentemuseum, komt der in gids of sa wat hinne en kim it museum iepenhalden wurde, sa freget hy noch. De hear Renia seit dat frou Aukes him sakrekt selektiviteit ferweten hat as it giet om de kosten foar it spesjaal ûnderwiis. Hy hat four Aukes noch nea oer dy groepen heard dêr't neffens har fe^wachtings by wekt binne dy't no net wiermakke wurde kinne. Hy hat har net oars as negatyf heard oer bygelyks jongereinwurk en frede en solidariteit. 0067V 32

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 12