-10- Oer selektiviteit praat neffens him skriemde se krokodille- triennen. Fieder komt frou Aukes hyltiten werom op demokratysk nommen besluten en se docht him dan ek tinken oan it gûlend bern dat syn sin net kriget. Wat syn fraksje oangiet is it jongerein- en âldereinwurk, it miljeubelied, frede en solidariteit en it wurkgelegenheidsbelied net fan'e baan. It belied stiet noch rjocht oerein, it program wurdt oereinhâlden ta it uterste ta. Wat it skrassen fan'e wurkgelegenheidspot fan 25.000,oan- belanget merkt hy op dat dat it hynder achter de wein spannen is, want it aktyf befoarderjen fan'e wurkgelegenheid jout nef- fens him allinne mar winst foar de gemeente. Der is dan minder jild nedich foar útkearing en de gemeente krijt mear jild omt der mear minsken yn'e gemeente wenje. De hear S. Bouma fynt dat syn fraksje net selektyf te wurk giet. Der is troch harren in konkreet útstel dien oangeande it aldereinbelied. Dat kin net ynfold wurde omt troch de reade polityk de gemeente hyltiten yn'e reade sifers belânet. In tal konstruktive útstellen fan syn fraksje kriget gjin kans fan slagjen en syn fraksje fielt him wat dat oangiet mei de rêch tsjin de muorre stean. Dat soe de P.v.d.A.-fraksje him ris oanlüke moatte. Wethâlder Faber seit dat dit net it momint is om oer de kar fan it ûndersyksburo te diskusjearjen. Oan'e oare kant wie de foar- 1jochtingsmiddei in prima gelegenheid om yn'e kunde te kommen mei it buro en de ûndersyksmetoaden dy't sy brûke. De 21.500,dy/'t bestimd wie foar ekstra ynkomsten oerwurk- oeren wurdt der net foar bestege mar is brûkt as dekking foar de maitiidsnota. De ôfrekken oer it enerzyprojekt is al bekind en komt sa as earder sein yn augustus yn'e Sfdieling en yn septimber yn'e rie. It KCA wurdt levere oan Spitman. It kolleezje fynt dat in goed bedriuw, it wurdt ek troch it ryk kontrolearre. Se begrypt dat frou Aukes op in oare subsydzje tsjut en se wol der graach mear fan witte. As aanst de wurklike sifers fan'e winst fan it gasbedriuw bekind binne soe der diskussiearre wurde kinne oer hokker diel struk- tureel opfierd wurde kin. De garânsje foar it jild bestimd foar de begelieding yn it gemeentemuseum stiet no net ta diskusje. Wat it punt fan'e wurkgelegenheidpot oanbelanget sil ek by de werorientaasje besjoen wurde oft dy post wer opfierd wurde kin. It hinget gear mei de spearpunten dy't keazen wurde yn ús gemeente foar de takomst. De hear Van der Baan seit dat hy oanjûn hat hoe't it oars kin. Hy hat beswier tsjin de opset sa't it kolleezje dy keazen hat. Omt it kolleezje de sitewaasje as tydlik beskôget kin hy dochs akkoart gean mei de maitiidsnota. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform, het voor- stel besloten. 9Voorstel tot het éénmalig kwijtschelden van huurachterstand van Speel Mee te Grou. Zonder discussie en zonder hoofdelijk stemming wordt conform het voorstel besloten. 10Voorstel tot het kwijtschelden van de terug te betalen subsidie 1987 van Speel Mee te Grou. Zonder discussie en zonder hoofdelijk stemming wordt conform het voorstel besloten. 0067V 33

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 13