-12- Voorstel tot het beschikbaar stellen van een voorbereidinas- besluit voor het maken van een structuurschets voor Terherne. De hear Bethlehem seit dat syn fraksje akkoart giet mei it útstel Op'e fraksjegearkomste yn Terherne die bliken dat der ferskil fan miening oer guon saken bestiet. Hy hat begrepen dat de gemeente de goede proseduere tapast hat. Lykwols hat hy ek wol begrip foar de Terhernsters alhoewol't se wol witte kind hiene wat der allegear op harren takomt. Hy trunet der by it kolleezje op oan yn oerlis te bliuwen mei Terherne. Hy kin him yntinke dat se yn Terherne graach in iisbaan werom hawwe wolle en hy fynt dat dat tasein wurde moat. De hear Van der Baan is tige wiis mei it útstel. Benammen omt it fan grut belang is dat der besocht wurdt oan'e hân fan'e struk- tuerskets de saken, sa't dy hjoeddedei yn Terherne der hinne- lizze, te normalisearjen. Dat de boel wat yn opskoar rekke is yn Terherne is in kwestje fan ferkeard ynskatten fan'e bewenners. Hy hat trouwens al ris earder warskôge doe't de P.P.S.-konstruksje fan wâl gie om der fral foar te soargjen dat de ynwenners goed op'e hichte binne. Hy hat besocht om te begripem werom de Terhernsters sa benaud binne. Benaud is men faak foar ûnbekinde dingen dy't as in bedriging sjoen wurde. De feroaringen dy't kommendewei binne binne ek tige yngripend foar sa'n lytse mienskip dêr't troch de tiid hinne al safolle bard is. Hy soe graach wolle dat de struktuerskets yn gearwuking mei de befolking makke wurdt sadat se it gefoel hawwe dat harren eigen om jouwing werkinber bliuwt. It soe tige spitich wêze as de twa- spjalt yn it doarp bestean bliuwe soe. Hy hopet dat it betrouwen yn'e oerheid, dat der dúdlik net wie op de oerlisgearkomste mei it doarp, weromkomme sil. De hear S. Bouma fynt dat de belangen fan'e minsken goed hifke wurde moatte en as it betrouwen fan'e minsken beskamme is moat dat wer goed makke wurde. Dan hat it plan fêst goede kâns fan slagjen. De hear Dotinaa is it tige ôffallen dat der sa'n wjerstân tsjin de plannen bestiet. Der sil noch in soad praten wurde moatte om alles yn goede banen te lieden. Hy freget lykas de hear Bethle hem omtinken foar de iisbaan. De voorzitter zegt dat ook het college gebleken is dat de ver houdingen in Terherne verstoord zijn naar aanleiding van het voornemen om alvast tot uitvoering van een stukje uit het TRAP- plan te komen. Het ijzer moet echter gesmeed worden als het heet is en nu de ontwikkelingen rond de ijsbaan zo verlopen moet daar snel op worden ingespeeld. Het college is er bij de opstelling van het TRAP-plan vanuit gegaan de mensen en de bedrijven daarbij te betrekken. Om die reden is er een werkgroep samengesteld waarin de verschillende belangen in Terherne vertegenwoordigd zijn. Er is een voorlich tingsavond geweest en daar zijn eigenljk toch niet die geluiden naar voren gekomen zoals die de afgelopen tijd gehoord worden. Dat komt misschien omdat men zich in eerste instantie onvoldoen de heeft gerealiseerd wat er precies gaat gebeuren of wel dat men dacht dat het zo'n vaart niet zou lopen omdat de gemeente nog te arm is om zelfs maar te lachen laat staan om grote plan nen ten uitvoer te brengen. 0067V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 15