-20- 41Voorstel tot goedkeuring van een wiîziaincr van de Statuten van de Stichting Werk. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 42Voorstel tot het voeren van een actief minimabeleid. Mevrouw Santema zegt dat de V.V.D. het voeren van een actief minimabeleid een goede zaak vindt. Hoewel het voorstel duide lijk is geschreven heeft zij toch enkele vragen. Zij vindt het positief dat zowel bij de afvalstoffenheffing, de onroerend- goedbelasting als bij de rioolheffing een post kwijtschelding is meegenomen. Volgens het rapport zal als iedereen die het aangaat ook werkelijk kwijtschelding aanvraagt het zal gaan om een bedrag van 150.000,Er is dekking gevonden voor 84.000,Zij vraagt dan ook waar de rest vandaan moet komen. De hear Renia seit dat it plan as earste oanset om de minksen dy't yn'e nederklits sitte helpe te kinnen, de goedkarring fan syn fraksje krijt. It is spitich dat it lânsregear sa iensidich en blyn yn'e útkearings en de leanen omslein hat dat gemeenten in part fan'e klappen opfange moatte. Dat moast net sa wêze. Mar no't dat al sa is moatte we de helpende hên rikke. Syn fraksje hie noch wol fieder gean wollen troch ek in bydrage te jaan yn'e kosten fan it dielnimmen oan maatskiplike aktivitei- ten. Hy hopet dat dat meinommen wurde kin by de weroerwaging. Hy fynt it fijn dat we, nettsjinsteande de finansjele soargen fan'e gemeente, ek omtinken hawwe kinne foar minsken dy't it minder goed hawwe. Wethâlder Faber is bliid mei de positive reaksjes. Der is no in frijskattingsbelied op grûn fan'e ûnreplik-guod- belesting en dêr is in dekking foar. Wat de rioalheffing oan- belanget is der yn'e tariven rekken hâlden mei it frij te skat- ten bedrach. Foar de ôffâlstoffenheffing is dat net it gefal. Omt der romte yn'e begrutting 1990 socht wurde moat sil de frijskattingsregeling op 1 jannewaris 1990 yngean. Boppedat binne de oanslagen foar 1989 de doar al út. It is noait krekt te sizzen om hoefolle minsken it giet. It kolleezje giet út fan likernôch 100 persoanen, basearre op'e sifers fan'e ûnreplik-guodbelesting. It krekte oantal sil pas bekind wêze as alle oanfragen binnen binne. It is yndied sa dat de gemeenten de klappen opfange moat dy't it regear útdield hat. In fri jskattingsregeling kin mar foar in lyts part de problemen oplosse foar minsken dy't op of ûnder it minimum libje. Yn it útstel stiet al dat by de weroerwaging fan it gemeentlik takenpakket der omtinken wêze sil foar in temjit- tekommen yn'e kosten fan dielnimming oan maatskiplike aktivi- teiten. De hear Van der Baan seit dat hy hiel bliid is dat op dizze wize wat dien wurdt foar dat part fan'e befolking dat ûnder de wolstânsgrins komt te ferkearen. It kolleezje wol no ek wat dwaan oan in temjittekomming yn de kosten fan dielnimming oan it maatskiplik ferkear. Hy is dêr tige wiis mei. Bij de weroerwaging by de begrutting foar 1990 hat dit neffens him de heechste prioriteit en hy hopet dat de 35.000,dy't dêr foar nedich is ek wier fûn wurde sil. 0067V 71

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 23