-22- It is fan belang dat der yn'e opset fanút gien wurdt dat der in goede, gearwurking is mei it basisûderwiis, musykferienings en privédosinten. De tariven wurde net ynkomste-ôfhinklik makke. Se kin de opmer- kings fan it kolleezje stypje om der nochris nei te sjen omt se fan betinken is dat it net sa wêze mei dat guon bern troch it ynkommen fan harren âlders út'e boat falie kinne. Wat it ynstrumintenfûns oanbelanget fersiket sy it kolleezje om wol op koarte termyn mei in oplossing te kommen. Frou Santema seit dat ek de V.V.D.-fraksje bliid is mei dit plan. Se hat in protte wurdearring foar it wurk fan'e wurk- groep. Dat it musykûnderwiis oer de hiele gemeente ferspraat is sprekt har tige oan. De hear Dotinaa tanket de wurkgroep foar it folie wurk dat se dien hawwe. Hy winsket de nij op te rjochtsjen musykskoalle in protte sukses ta. Wethâlder Bloem seit dat it har in pak fan it hert is dat dit útstel der no leit. De wurkgroep, dy rekken hâlde moast mei in lange winskelist en dochs dit plan foarelkoar krigen hat hat se grutte bewûndering foar. It kin wol oan'e wurkgroep foarlein wurde dat der eins noch mear bern meidwaan moatte mar seis tinkt se dat ek net it ûn- mooglike frege wurde moat. As it mooglik wêze soe om ynkomste-ôfhinkelike tariven praktysk goed te hantearjen sil de op te rjochtsjen stichting dat best nochris oerwage wolle. Wat it ynstrumintenfûns oanbelanget tinkt se net dat it goed is der al te grutte ferwachtigings fan te hawwen. Se tinkt dat der no in hiel goede start makke wurdt. We sitte no noch by de musykskoalle Schoterwerven. Der binne al petearen oan'e gong oer op hokfoar wize wy op in goede manier oergean kinne nei de nije musykskoalle Boarnsterhim. Derby sil safolle mooglik rekken halden wurde mei de ferplichtings dy't der binne oangeande rjochtsposysje fan'e minsken dy't dêr wurkje. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 47Voorstel tot het nemen van een drietal besluiten aangaande het monumentenbeleid in de gemeente. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 48Voorstel tot het benoemen van een lid van de sportraad. De voorzitter verzoekt de leden Aukes, Bethelehem en Dotinga het stembureau te willen vormen. Na gehouden stemming zegt de heer Dotinaa dat op mevrouw J. Maaren-Ratsma alle 14 stemmen zijn uitgebracht. De voorzitter constateert dat daarmee mevrouw Maaren is benoemd als lid van de sportraad. 0067V 73

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 25