-26- Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 50Voorstel tot goedkeuring van de jaarrekening over 1988 van de Stichting Recreatie-oord Yn'e Liite te Grou. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 51Voorstel tot vaststelling van diverse begrotingswijzigingen. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 52Voorstel aangaande de te volgende werkwijze met betrekking tot de aanvrage van Chevron-Texaco voor het oprichten van een boor- lokatie in de gemeente Boarnsterhim. De hear Van der Baan seit dat we mei dit útstel in kant opgeane dy't we út prinsipe eins net wolle. Salang't der gjin dúdlikheid is oer de gefolgen fan'e gaswin ning soe alle meiwurking wegere wurde. Hy begrypt dat we no klam sitte fanwegen it feit dat we neat yn hannen hawwe om dizze oanfraach te wegerjen. Op dit stuit is it sa dat de gefolgen fan'e gaswinning net te oersjen binne. De oaljemaatskippijen wolle neat tajaan sadat der ek net rekkene wurde kin op in skeafergoeding, lit stean dat der skeaklaims yntsjinne wurde kinne. De oaljemaatskippijen sitte no dus noch hyltiten yn in winnende posysje. De provinsje fynt no wol dat der in ûndersyk komme moat, mar der bliuwt it dan ek by. Der kin steld wurde dat de provinsje oant no ta oars noch net dien hat as neikôgje wat de oal jemaatskippi jen sizze. Dat kin ek hast net oars omt de provisje gjin eigen saakkundigen op dit mêd hat. De saakkundigen dêr't de provisje gebrûk fan makket binne yn tsjinst fan'e oal jemaatskippi jen. It sil dus ek nea oars wurde as dat de provinsje oan'e hân fan'e oaljemaatskip- pijen meirint. Hie de wurkgroep gaswinning Boarnsterhim gjin eigen ûndersyk dien dan hie de saak nea yn beweging kaam. De wurkgroep moat altiten fanút in únâfhinklike posysje wurkje. As we tefolle achter de provinsje oanrinne wurde der gjin krityske kanttekens mear pleatst by it ûndersyk wylst dat no krekt nedich is. We sille de útkomsten fan'e oaljemaatskippijen ferlykje moatte mei oare sifers omt allinne op dy wize de saak kritysk folge wurde kin. It is bekind dat de foarsizzings fan'e oaljemaatskippijen net doge. Dat is ek troch harren seis min ofte mear tajûn. Fandêr trunet hy der op oan it eigen ûndersyk yn'e omkriten fan Grou net slûpe te litten. Hy fynt dat de gemeente en de ynwen- ners it grutste belang hawwe by it finen fan'e goede gegevens. Der sil in spoarke fan bewiis levere wurde moatte fan'e skea dy't de gaswinning teweibringt yn ús gemeente. 0067V 77

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 29