- 2 - Fanút de rekreaasje binne der beswieren tsjin de brêge oer de Rjochte Grou. Dy minsken moatte betinke dat alle belangen, dy fan de rekreaasje mar ek dy fan it bedriuwslibben, telle. Syn fraksje is bliid dat der wurk mei wurk makke wurde kin. Hy ferwachtet dat it plan finansjeel sjoen, gjin swierrichheden opsmite sil, alhoewol't de ried noch mar in bytsje ynformaasje krigen hat. Hy hopet dat de provinsje ek mei jild oer de brêge komme sil. Al mei al is hy der wol fan oertsjûge, dat dizze fûgel net oer't net fleane moat. De hear SBouma is tige ynnommen mei de útstellen, fral as der wurk mei wurk makke wurde kin, soe dat hiel moai wêze. Omt ek persoanlike belangen meispylje moat der foar eltsenien de mooglikheid bestean yn te sprekken. Foar besteande bedriuwen moatte der gjin behinderingen makke wurde. Hy tinkt dat de minirotonde miskien nochris op'e nij oertocht wurde moat. Hy soe neat leaver sjen dan dat dit plan finansjeel helber wêze soe, it moat perfoarst gjin bongel oan'e foet fan'e gemeente wurde. Omt no noch net krekt bekind is wêr't de sinten weikomme, wol hy graach nei ferrin fan tiid, as dat wol sa is, op'e hichte brocht wurde. De hear Volberda is tige bliid mei dizze ûntjouwing omt dêrtroch in protte problemen oplost wurde kinne. De wurkgelegenheid is bygelyks wol oan in flinke oppepper ta. As de eksploitaasje sa geunstich is as dy no liket, bliuwt der miskien seis noch wol wat oer. Wethâlder Breeuwsma wurdearret it tige dat alle fraksjes sa loovjend binne oer it útstel. Ek dat it amtlik apparaat dêryn behelle wurdt, is hy tige wiis mei. Der wurdt yn dit útstel frege om in tariedingsbeslút te nimmen en om in kredyt beskikber te stellen foar de planûntwikkeling. It is no de tiid om oan'e slach te gean want as wy dizze mooglikheid foarby gien litte, sille we dêr letter spyt fan krije. It is, tinkt hy, hiel ferantwurde dit jild hjirfoar te brûken omt der yn elts gefal wat yn Grou barre moat omt dêr gjin yndustryterrein mear is. Alhoewol't hy wol ynsjocht dat der fraachtekens binne by de finansjele helberheid, tinkt hy dochs dat it hiel wol ferantwurde is dit plan út te fieren. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform de voorstellen 1 en 2 besloten. 0067V 83

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 33