GEMEENTE BOARNSTERHIM 12. Utstel om de beslútfoarming oer it gemeentlik oparbeidzjen yn'e regio yn oerienstimming te bringen mei de geast fan de, troch it mini- stearje fan F.R.O.M. yn it libben roppen, bydrageregeling útfiering gemeentlik miljeubelied. Oan de gemeenterie. Grou, 1 septimber 1989. Op 1 jannewaris 1990 sil nei alle gedachten it Bydragebeslút útfiering gemeentlik miljeubelied fan krêft wurde. Op grûn fan dat beslút kinne de gemeenten oanspraak meitsje op in bydrage fan it Ministearje fan F.R.O.M. - it saneamde "Berenschotjild" - foar it ütfieren fan gemeentlike opjeften op it mêd fan Hinderwet. Wet gemyske ôffalstoffen. Wet boaiembeskerming en de gemeentlike útwetteringsoardering. It "Berenschotjild" is ornearre foar de finansiering fan'e personiele kapasiteit fan gemeenten. Dy moat mei dêrtroch - yn 1995 op de fereaske sterkte wêze en de yntergemeentlike gearwurking moat dan goed funksjonearje. As dat berikt is, wurdt it jild oerhevele nei it gemeentefûns Foar dy regeling komme yn'e beneaming: a. gemeenten mei 70.000 ynwenners of mear; b. gemeenten, dy't struktureel oparbeidzje mei oare gemeenten, as it tal ynwenners meiinoar 70.000 of mear is; c. gemeeenten dy't oparbeidzje mei oare gemeenten mar net struktu reel, mar neffens bliken docht út'e riedsbeslúten fan alle gemeenten dy't dêroan meidogge, dat wol fan doel binne en yn reedlikheid ferwachte wurde kin dat soks binnen trije jier ek wêze sil. No is ús gemeente wol mei yn'e kompe by de regio Noard Fryslân, mar foldocht dêrmei noch net oan it stelde ûnder a, b of c. Wat wy hawwe is in lichte foarm fan gearwurkjen, dy't yn prinsipe wol foldocht oan'e rânebetingsten fan'e bydrageregeling. Dochs binne wy noch net dêr't wy wêze moatte. Net alle gemeenten hawwe nammentlik okkerdeis it utstel fan'e regio oernommen. Boarnsterhim ek net. Dêrtroch is in sitewaasje ûntstien dêr't net fan sein wurde kin dat der gearwurke wurdt sa't de bydrageregeling dat bedoelt. Om as regio Noard Fryslên foar in part fan it "Berenschotjild" yn oanmerking te kommen moatte de riedsbeslúten fan alle gemeenten wizige wurde. De redaksje fan it riedsbeslút soe neffens de regio sa wêze moatte: "In het kader van de intergemeentelijke samenwerking op milieugebied aan de Milieu-adviesdienst als taken op te dragen: het adviseren en begeleiden van de gemeenten van de regio Noord Friesland op het milieugebied in het bijzonder gericht op de Hinderwet, Wet chemische afvalstoffen. Lozingsverordening en de Wet bodembescherming". Dat beslút moat dan 1 jannewaris 1990 fan krêft wurde. 0067V 59

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 49