-2- It seit himsels dat oan it meidwaan kosten ferbûn binne. Ut it ûndersteande oersjoch docht bliken dat it neidielich saldo faor ús gemeente yn fiif jier ôfnimt fan hast 22.000,oant efkes mear as 8.000, Boarnsterhim Te beteljen oan Miljeu Advys Tsjinst Ynkomsten Berenschot Neidielich saldo 1990 58.435,— 36.470,— 21.965,— 1991 58.435,— 39.800,— 18.635,— 1992/93 68.955,— 58.590,— 10.365,— 1994 en fierder 68.955,— 60.570,— 8.385,— Yn it bestjoerlik oerlis wurde noch prikken yn it wurk set om de hichte fan'e gemeentlike bijdrage safier werom te krijen dat it negatieve saldo nihyl wurdt. In konsept-oanfraachformulier, fia de regio yn te tsjinjen by it ministearje leit by de stikken op besjen. De sifers binne yn wezen in wurkplenning, dy't - ek sa útfierd - der foar soarget dat yn 1995 de útfiering fan de gemeentlike miljeutaken op it mêd fan Hinderwet, Wet gemysk ôffal en Utwetteringsoardering op "peil" is en de efterstân fuortwurke. De roaide kosten binne de kosten dy't makke wurd€ moatte foar de technyske minsken. Foar de administratyfjuridyske stipe en it management wurdt dêrboppe nochris 0,5 x dy bedragen rekkene. De lesten dy't hjirmei muoit binne, binne yn'e maitiidsnota opnommen ûnders "Gewenst meerjarenbeleid 1990 e.v.". It boppesteande slacht op in part fan'e gemeentlike miljeutaken. Dërfoar binnen op syn minst 2,5 minsken struktureel nedich. Foar de oare wurksumheden is ek noch jild en minskekrêft nedich. Hoefolle oft dat wêze moat sil ôfhingje fan'e kar dy't it bestjoer meitsje moat yn it ramt fan de fêststelling fan it gemeentlik miljeu- beliedsplan. Wy komme dêr neier op werom. De finansjele konsekwinsjes fan boppesteand oersjoch wurde meinommen yn de begrutting 1990 en de mearjierrenrûzings 1991 o/m 1993. Op grûn fan it boppesteande dogge wy jimme it útstel de beslútfoarming oer it gemeentlik oparbeidzjen yn oerienstimming te bringen mei de geast fan de bydrageregeling sa as dat boppe oanjûn is. In ûntwerp-beslút leit foar jimme by de stikken op besjen. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0067V 60

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 50