-6- Er zijn verschillende mogelijkheden bekend. Zij vraagt of het opgehaalde K.C.A. voor hergebruik in aanmerking komt, wordt het in andere landen gedumpt of wordt het milieuhygiënisch afgevoerd. In dat laatste geval is er een provinciale premie beschikbaar. In voorgaande jaren heeft de V.V.D.-fractie aangedrongen op het extern laten doorlichten van de gehele gemeentelijke organisatie. Na aanvankelijke afwijzing, vorig jaar nog, is het college nu ook voor een extern onderzoek. Haar fractie wenst daarbij aan te tekenen dat niet alleen het huidige financiële tekort het uitgangspunt hoort te zijn. Zij vinden het van belang dat al eerder gesignaleerde knelpunten tussen bestuur en apparaat de volle aandacht krijgen. Gedegen inzet en motivatie kunnen pas leiden tot een goed project. Haar fractie zal, met inachtneming van de door haar gemaakte opmerkingen, noodgedwongen accoord gaan met het voorstel. De hear Dotinaa wol inkelde kanttekens sette by dizze maitiidsnota. Nei de bekinde fitsenarisoperaasje is dit de twadde maitiidsnota mei in grut negatyf saldo. Hy freget him of oft de konkrete besunigingen sa't dy yn'e begrutting steane net direkt ôffierd wurde moatte hiene doe't der gjin wissichheid wie oft se wol helle wurde soene. Ek freget hy him óf oft we net te optimistysk west hawwe oer de te ferwachtsjen ynkomsten. Soene de útfierende organen, de ôfdielingen, net fuortendaliks besunigje moatte as de útjeften heger binne as begrutte. Hy is fan betinken en dat is makliker sein as dien, dat der strak optreden wurde moat. Syn fraksje sil ynstimme mei it útstel omt se witte dat it mei soarch ynelkoar setten is alhoewol't se graach guon besuniginen net trochfiere soene wolle, bygelyks yn it âldereinwurk. Ek nei it eksterne ûndersyk kin syn fraksje ynstimme. Se fyne it spitich dat it pas yn septimber oan'e oarder komt. Hy hopet dat it net allinne op finansjeel gebiet better giet. It jildt ek foar de wurksfear en it oerlis tusken bestjoer en appraat en ôfdielingen ûnder elkoar. Hy winsket dat it ûndersyk liede mei ta in maitiidsnota yn 1990 dy't der gans better útsjocht. De hear Van der Baan seit dat it kolleezje by de begrutting foar 1989 steld hat dat der in mear realistysk byld ta útdrukking kommen wie. Doe is ek sein dat omt de begrutting net in grutte realiteits- wearde hie de feitlike beliedsutspraken ferskood wurde moasten. Hy hie doe it gefoel dat it kolleezje mar leaver woe dat de saak fierder útsteld wurdt. De maitiidsnota wurdt net as sadanich presentearre. Der is temin oer diskussiearre en it oerlis hat him ek net best foldien. It stik is op himsels in technokrastysk stik. It beleid stiet net sintraal mar de sifers. We krije no dus in papieren belied mar dat belied wurdt ûnderhân wol yngripend feroare sûnder dat it ta feitlike beliedsutspraken komt. Hy hie wold dat dy beliedsutspraken der wol west wiene. De feroarings, dy't slupenderwei op ús ta komme, sille foar in protte minsken fan grutte betsjutting wêze. By de rânebetingsten yn 1989 is ek steld dat it fêststelde nije belied hanthavene wurde soe en de ferswiering fan lesten soe dan sa folie mooglik te foaren kommen wurde. 0067V 29

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 9