- 8 - Dit gegeven ondersteunt alleen maar de visie dat het verkeer op de J.W. de Visserwei moet worden teruggedrongen. De enige moge lijkheid is de weg afsluiten voor het gemotoriseerd verkeer. Zijn fractie gaat accoord met hetgeen wordt gesteld in de aan vullende informatie over de aanleg van de nieuwe weg. Hij is er zich van bewust dat deze omlegging voor een aantal bedrijven minder plezierige kanten heeft. Toch vndt hij dat het moet doorgaan omdat hij er alle vertrouwen in heeft dat het college zich zal uitrekken om tot bevredigende oplossingen voor deze bedrijven te komen. De financiële paragraaf geeft aan dat, mits er een aanvullende subsidie van de provincie komt en mits de verkoopprijzen niet veranderen, er sprake kan zijn van een klein voordelig saldo. Kijkende naar het object als geheel, liggende in de zeer nabije omgeving van de nieuwe RW 32, heeft zijn fractie er alle hoop op en vertrouwen in dat dit project op termijn ook in de financiële zin haalbaar is. De hear Van der Baan seit dat ek de F.N.P. grutte wurdearring hat foar it ynisjatyf om ta de útwurking fan dit plan te kommen. Ek oer de ynset fan de amtners is hy tige te sprekken. De planopset is goed benammen as de EFRO-subsydzje helle wurdt. De iennichste fraach dy't oerbliuwt is oft de eksploitaasje-op- set wol helle wurde kin. Fierders bliuwt ûnbesprutsen dat it plan ek effekten hawwe sil foar it wenjen yn Grou omt oant no ta de fraach nei wenten in Grou tige grut is. Hy tinkt dat dit plan faaks ek wol negative effekten opsmite sil. Dat bûten beskôging littend bliuwt allinne de ôfwaging fan'e eksploitaasje oer. Ut amtlike stikken hat hy lezen dat der "aan zienlijke risico's" nommen wurde. Frij oerset betsjut dat dat it in gok is. De fraach is: doare wy no't der gjin romte is foar finansjele risiko's op dit aventoer ta. It grûnbedriuw moat him no seis rede sa hat de rie nei de sanearring útsprutsen. Finan sjele reserves binne der net, de priis fan'e grûn is heech en de konkurrisje fan oare gemeenten, dy't harren terreinen no ek wolris kwyt wolle, is tige grut. Om dan te ferwachtsjen dat de grûn gau fuort wêze sil is wol tige optimistysk. Slagget dit plan net dan binne we hiel fier fan hûs en falie we yn in ôfgryslik djip gat wat ten koste gean sil fan oare foar- sjennings yn ús gemeente. Om dy reden doart hy it net oan om foar dit plan te stimmen. De hear S. Bouma is tige ynnommen mei it plan. Der kin wurk mei wurk makke wurde en dêrtroch in protte jild fertsjinje. Wat dat oanbelanget is dit plan in unike kans. Der wiene noch in pear knyppunten bygelyks de minirotonde en de hichte fan'e brêge en der is in goede oplossing foar fûn. Posityf fynt syn fraksje dat der in fûns oprjochte wurdt foar dekking fan eventuele tekoarten, it saneamde risikofûns. Hy bringt noch yn it omtinken de skeaklaim dy't in pear bedriuwen by de gemeente yntsjinje kinne as gefolch fan ôfnim- mende bedriuwsrisseltaten. Hy hat dêrmei gearhingjend yn'e fjirde ôfdieling de hint jûn fan de J.W. de Visserwei in ien- rjochtingswei te meitsjen. Hy wol graach de réaksje fan it kol- leezje hjirop hearre. De heer Volberda seit dat dit útstel by syn fraksje grutte wur dearring ûnderfynt. Under oaren ferkearsproblemen wurde oplost bygelyks op'e Stasjonswei. 0070V 8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 10