4Mededelingen.
Punt 2.
De hear Van der Baan fynt dat de útspraak posityf beoardiele
wurde kin, no't it beslút ta nammeferoaring net oanfochten wurdt
troch de rjochter.
Oan'e oare kant fynt hy noch altiten dat de P.T.T. oan in demo-
kratysk nommen beslút meiwurkje moatte soe. Hy freget him dan ek
ôf yn hoefiere it it ûndergraven fan de rjochtsteat is as de
P.T.T. hjir net oan foldocht.
Punt 3.
De voorzitter zegt dat de provincie inmiddels een commissie
heeft ingesteld.
De hear Van der Baan fynt it antwurd fan Deputearre Steaten in
bytsje teloarstellend. Der sprekt in fertragingstaktyk út it
brief omt in petear dat der komme soe oer de notysje oangeande
de problematyk fan'e gaswinning in moanne opskood is. De provin-
sje hat gjin antwurd jûn op de fraach nei de resinte mjit-
gegevens. De ûntjouwing is yn safiere geunstich dat de problema
tyk fan Grinslân en Fryslân loskeppele is. Hy jout it kolleezje
mei dat de problematyk yn ús gebiet ek loskeppele wurde moat fan
dy fan'e Burgumermar. It docht nammentlik bliken dat de kom-
presjeskeagefallen dy't yn'e lytse gasfjilden plakfine, sa as dy
yn ús gemeente, in folslein oare en gefaarlike sitewaasje foar
skea opleverje.
Dat ûnder druk fan'e wurkgroep de provinsje as sis mar de oalje-
maatskippijen no sakkings yn it pleistoceen tajouwe is tige
opfallend. Dochs sille de oant no ta twifeleftige, troch de
oaljemaatskippijen komponearre, rapporten fan'e provinsje no en
yn'e takomst sadanich wurde dat it útbeteljen fan skeaklaims sa
folie mooglik te foaren kommen wurdt.
Hy bliuwt fan betinken dat troch de provinsjepolityk te folgjen
de gemeente syn eigen ûnôfhinklikens oan'e kant set en him eins
ek mei hânnen en fuotten oan'e oaljemaatskippijen bynt.
Hy freget yn hoefiere it kolleezje belutsen is by it ûndersyk.
De voorzitter zegt dat de gemeente geen vertegenwoordiger in de
commissie heeft. Wel is er overleg met de waterschappen en de
V.F.G. Langs die weg zijn de lokale bestuursorganen er bij
betrokken.
Hij wil er wel naar informeren hoe onze betrokkenheid tot gel
ding kan komen.
De hear Van der Baan wol graach dat de fraach nei de nijste
mjitgegevens herhelle wurdt.
Wethâlder Breeuwsma seit dat der besocht wurdt in ûnôfhinklike
kommisje gear te stallen troch fertsjintwurdigers út'e ferskil-
lende organen oan te wizen.
It ministearje fan ekonomyske saken betellet de kosten. Hysels
sit ek yn de kommisje as fertsjintwurdiger fan it wetterskip út
dit gebied.
De provinsje hat, tinkt him, aardich selektyf socht nei fer
tsjintwurdigers út gebieten dêr't in protte problemen ferwachte
wurde. Hy hat wol betrouwen yn dizze opset en hy is it dêrom net
mei de hear Van der Baan iens dy't suggerearre hat dat de oal je
maatskippijen der tuskenyn sitte.
0070V 1
- 2 -