- 20 - Se is der derom op tsjin om it ta in bydrage yn ien kear te beheinen. It museumbestjoer is al in hiel skoft dwaande om sponsors te finen. Se hienen seis al in sponsor fûn mar dy hat him werom- lutsen doet bliken die dat it museum fan't simmer noch net los koe. Oare eventuele sponsors wolle earst ôfwachtsje hoe't it museum der út komt te sjen. Frijwilligers dogge no in hiel soad wurk en ek dat soene jo wol as sponsoring sjen kinne. Se hat it idé dat it frou Aukes net opfallen is dat yn'e kelder briefkes leine der't jo jo as donateur opjaan koene. Mevrouw Agkps denkt dat als er gewacht wordt tot na de heroriën tatie/ en dan is het al half 1990/ het museum een kans misloopt om goed van start te kunnen gaan. Nu een éénmalige bijdrage, later kan alsnog besloten worden tot een structurele bijdrage. De voorzitter brengt het voorstel van de V.V.D. in stemming om een éénmalige bijdrage van 11.000,— aan het museum te schenken. Na gehouden stemming blijkt dit voorstel met 12 tegen 4 stemmen te zijn verworpen. Vóór hebben gestemd de leden Aukes, S. Bouma, Santema en Watzema. Behandeling memorie van antwoord inzake de gestelde vragen ten aanzien van de begroting. Fraach 4.4. De hear Bethlghem freget oft de regionale miljeu-advystsjinst by us al in ûndersyk nei LPG-stasjons dien hat en oft ek bekind is hoe't it der yn ús gemeente foarstiet. Wethâlder Faber seit dat nei de provinsje ta noch in réaksje moat hoe't it der yn ús gemeente hinneleit. Se seit ta dat der in skriftlik oersjoch komme sil oer hoe't de sitewaasje yn ús gemeente no krekt is. Vraag 5.1. De hear Q„ Bpgiqa freget nei de stân fan saken wat De Burd oanbe- langet. Hij freget yn hoefiere de gemeente ynfloed útoefene hat of noch dwaan kin. Wethâlder Byeeuwsma seit dat it no sa is dat alle belutsenen tige posityf tinke oer it projekt De Burd. Der sit wat tiid tusken yn ferban mei it realisearjen fan'e twadde fase fan'e ferdûbeling fan'e rykswei. Alle ynstânsjes dy't mei it plan anneks binne sjogge mooglikheden. As it no ek noch sa wie dat de sifers lykas by de earste fase geunstich útfalle soene binne der fêst mooglikheden om it gat fan 2 a 4 miljoen dat der no noch is te oerbrêgjen. Der is earder praat fan west dat it gat 9 oant 16 miljoen wêze soe. De yndikaasjes binne dus no gâns better. Vraag 5.2. De hear Gt Boum^ fynt dat de proseduere it rekreative foarsjen- ningenplan fan de gemeente Ljouwert wol wat op'e lange baan skood wurdt. Dat benearet him. 0074V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 22