- 23 - De hear Renia begjint mei te sizzen dat syn fraksje net fan doel is eardere besluten oer ferheging fan de û.g.b. werom te draaien. Hy wol earst de weroerwaging ôfwachtsje. As útgongspunt foar it belied hat altiten jilden: de sterkste skouders, de grutste lesten. Dat koe by de û.g.b. wol nei foaren komme troch it gebrûkerspart sa leech mooglik en it eigenerspart sa heech mooglik fêst te stellen. No moat de ferhâlding 1 1,25 wurde. Dat hâldt in ferheging fan it gebrûkerspart en in ferleging fan it eigenerspart yn. Ek de reinigingsrjochten moatte omheech om ta in 100% dekking te kommen. De OLAF wurdt hyltiten djoerder en it opheljen fan it g.f.t.-ôffal komt der oan. Troch dizze beide feroaringen moatte bewenners sa'n 65, 70,-- mear betelje foar û.g.b. en reinigingsrjochten. In eigener soe allinne mar sa'n 35,— djoerder út wêze foar de reinigingsrjochten. Foar de û.g.-belesting hoege se minder te betel jen. En dat fynt syn fraksje net r jochtfeardich. Dat komt ek net oerien mei it prinsipe: de sterkste skouders, de grutste lesten. Ferline jier is it rioelrjocht ynfierd omt de riolearrings nedich ferfongen wurde moatte. Der is doe oer praten it yn'e û.g.-belesting mei te nimmen. Dat koe net mar it soe ek net goed wêze omt net eltsenien in rioeloansluting hat. Sjoen yn it ljocht fan de utstellen oangeande u.g.b. en reinigingsrjochten stelt it kolleezje ut om it rioelrjocht op in oare manier te heffen. Syn fraksje giet dêrachter stean. Der kin dan wol sein wurde dat it prinsipes "de fersmoarger betellet" loslitten wurdt. It oare prinsipe fan'e sterkste skouders bliuwt sa wol oerein. Fansels it dit útstel foar de Wentebouferiening net sa aardich en it is harren wierskynlik wol wat oer't mad kommen. De proseduere foarôfgeande oan dit útstel is miskien ek net goed west. Oan'e oare kant, de Wentebouferiening is ek net sa earm dat dy dit net drage kin en dat it ta skea fan it ûnderhâld fan wenten no en yn'e takomst gean soe. As der in mearjierrentrajekt troch de Wentebouferiening útset- ten wurdt is oerlis fansels hiel winslik. De hear Vplharfla seit dat syn fraksje achter it kolleezje-útstel stiet. Alhoewol't hy leaver gjin ferheging hand hie. Mar der is no ienris êfpraten de ôffalstoffenheffing kostendekkend te meitsjen. De û.g.b. moat fanút de oerheid feroare wurde, der kinne we neat oan dwaan. It dúdlike betooch fan de hear Renia hoecht fieder wat him oanbelanget gjin oanfolling. Wethâlder Fab®r seit dat it yn dit utstel om twa prinsipes giet. As earste: de fersmoarger betellet en twaddensï de sterkste skouders, de measte lesten. Der wurdt besocht dizze twa útgongspunten yn sa goed mooglike ferhâlding ta elkoar ta útfier te bringen. Yn dit útstel komme dy twa mei elkoar yn botsing. Se is bliid met de réaksje fan de hearen Renia en Volberda, dy't it útstel stypje. De V.V.D. hat in oare opfetting oer inkelde ûnderdielen. Se steane wol achter it prinsipe "de fersmoarger betellet" en ek achter it stribjen de ôffalstoffenheffing kostendekkend te meit sjen. Mei harren is it kolleezje fan miening dat it om in fikse ferheging giet. We sitte no op 100%. It is wichtich dy kosten sa suver mooglik te besjen. 0074V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 25