- 24 - Yn it útstel docht ek al bliken dat der inkelde komponinten út'e berekkening weihelle binne. Fanút de no fêststelde 100% dekking kinne ek maklik de gefolgen fan eventuele ferhegingen yn'e takomst berekkene wurde. It is dúdlik dat der noch wol ferhegingen te ferwachtsjen binne. De soarch foar ús miljeu freget en sil noch in protte freegje fan'e fryske boargers. De V.V.D. soe wolle dat minsken dy't al in kompostbak hawwe in koarting krije as dat se de ferheging dy't it gefolch is fan it opheljen fan g.f.t.-ôffal net hoege te beteljen. It kolleezje hat wolris neigien oft dat mooglik is. Der binne bygelyks al minsken west dy't jierren lyn al ta kom- postearjen oergien binne. Dy minsken moatte altiten al like fol ie betelje foar de ôffalstoffenheffing. In koarting jaan is net mooglik. Der soe oars gjin konstruksje te betinken wêze as dat der belesting lein wurdt op'e jiskepûden. Dat is de iennichste manier om minsken betelje te litten nei it ôffal dat se oanbiede. De rek yn'e finânsjes is ûntstien troch ûnder oaren de maat regels dy't de gemeenterie yn de of rune tiid nommen hat. Derby heart ek de beslissing de û.g.b. te ferheegjen om it musykûnder- wiis mooglik te meitsjen. Om dat no werom te draaien giet se net mei akkoart. By it rioelrjocht hat it kolleezje de twa earder neamde prin- sipes wûgen en de útslach is yn it foardiel fan it prinsipe: de sterkste skouders, de measte lesten útfallen. Fandêr dat deselde ferhâlding keazen is as yn'e û.g.b. jildt. Minsken mei in eigen wente betelje 125,sa as no ek al. It hat gefolgen foar minsken dy't in wente hiere (dy betelje minder) en minsken dy't in eigen wente oan tredden ferhiere. Yn dit ferbân hat dat direkte gefolgen foar de Wentebouferiening. De belestingdruk is yn ús gemeente yndied heech. It bild dat út it oersjoch nei foaren komt is net alhiel earlik. Ek oare gemeenten hawwe ûndertusken harren tariven ferheege. Se wol noch wol mei klam sizze dat net allinne it ryksbelied mar seker ek ús eigen belied der ta bydrûgen hat dat it der no finansjeel sjoen wat better foarstiet mei Boarnsterhim. Frou Sgntemgi seit dat har fraksje it prinsipes "de fersmoarger betellet" ek foar de rioelrjochten jilde litte wol. Se hat der yn dit ferbân muoite mei dat de sterkste skouders de measte lésten drage moatte soene. Har fraksje wol stimming hawwe oer de útstellen dy't sy dien hawwe oangeande de ü.g.b. en it rioelrjocht. De hear SjBouma seit dat it prinsipe, de sterkste skouders, de measte lesten yn'e ynkomstenbelesting thús heard en dêr ek hantearre wurdt. Hy is it der dêrom net mei iens dat it útgongs- punt: de fersmoarger betellet, loslitten wurdt. De hear Rgaia seit dat hy al dúdlik útlein hat wêrom it iene útgongspunt loslitten yn it foardiel fan it oare. Frou Watzema freget omtinken foar húsbesitters dy't net sokke sterke skouders hawwe. Sy moatte wol 125,betelje, wylst hierders folie minder betelje hoege. De Wentebouferiening is troch dizze konstruksje ek de klos. Trochdat renovaasje fan wenten, omt der gjin jild genôch mear oer is, op'e lange baan skood wurdt komt it úteinlik wol wer op'e skouders fan'e hierders del. 0074V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 26