•5 - 2 - Voorstel tot het sluiten van een overeenkomst inzake de aankoop, verkoop en verpachting van grond voor de realisering van het bedrijventerrein Grou - Biensma. De voorzitter zegt dat 600.000,— de aankoopprijs is, maar dat er eventuele vermogensschade nog overheen zal komen. De hear GjBouma seit dat hy wit dat it kolleezje yn in earder stadium de yndruk wekte dat it mei de oankeap foar de grûn wol losrinne soe. It soe wol yn goede harmony oplost wurde. Mar as dit ûnder harmony ferstien wurde moat dan wit hy it net. Hy kin him wol wat foarstelle by melken. Utmelken fan'e mienskip is it. It ropt by him in aparte smaak op dat us boeren op dizze wize mei de mienskip omgeane. We sitte foar't blok, we kinne net oars mar hy koe it net neilitte dit dochs op te merken. De hear Nieuwdam hat heard dat der dochs wat fraachtekens binne oer de wize werop dizze oankeap ta stân kommen is. Hy docht it útstel om yn de earstfolgjende ôfdielingsgearkomste te praten oer it ferkeapbelied. Mevrouw Aukes constateert dat deze opmerkingen de VVD-beschouwing over het verkoopbeleid van gronden en gebouwen illustreren. Dit is een teken aan de wand dat het college daar veel zorgvuldiger mee om moet gaan. Wethâlder Breeuwsms merkt op dat yn dit soarte omstannichheden somtiden hurd hannele wurde moat. De opmerking fan de hear Bouma dat it op utmelken liket, giet him wol wat fier. Der is nammentlik ôfpraten dat de priis ta stân komme soe troch twa taksateurs. Dat is hiel wenstich. As de twa taksateurs it net iens wurde soene, soe der in treddenien oan ta foege wurde. Dat hat lykwols net nedich west. Dat it oan- en ferkeapbelied yn syn algemienheid yn'e kiif setten wurdt, fynt hy net alhiel dúdlik. Hy soe dêr wolris wat konkrete foarbylden fan hawwe wolle. Hy wol der wol oan meiwurkje dat yn'e earstfolgjende ofdielingsgearkomste praten wurdt en ynljochtingen jûn wurde oer it oan- en ferkeapbelied. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. Vporstel tot verkoop van grond op het industrieterrein Spikerboar te Akkrum. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. Voorstel tot verkoop van grond in Terherne. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 007IV 18

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 30