- 8 - Wethâlder Fabet is bliid mei de wurdearring fan alle trije fraksjes foar it feit dat de jierrekken sa moai op'e tiid klear is. It is in grutte stap foarút dat op ien en deselde dei begrutting en jierrekken behannele wurde kinne. Mei de sifers ut'e jierrekken kin wat dien wurde yn'e begrutting en foar in part binne de reële sifers brûkt yn'e begrutting. It is de bedoeling dat de jierrekken oer 1989 noch earder klear is sadat der noch mear rekken hâlden wurde kin mei de wurklike sifers. It haldt ien dochs wat ferfelende kant yn, en dat is dat as jo sa ier binne mei de jierrekken, dat der dan posten binne dy't noch net ôfrûne binne. Ien foarbyld is de 77.000,foar it grûnbedriuw. Doet yn novimber de rekken ôfsluten wurde moast, wiene guon posten noch net bekind en dêrom moat der no noch 77.000,ferrekkene wurde yn'e jierrekken oer 1989. As by it positive saldo fan 600.000,— de bedragen út'e ûnderdielen a., b. en c. fan it útstel opteld wurde komt it positive saldo úteinlik op 1,5 miljoen út. Se is der tige bliid mei De earste doelstelling no is om wer in reserve op te bouwen, sadat we wer in stjitsje ferneare kinne. Yn'e ûnderdielen a., b. en c. wurdt no in útstel oan'e Rie dien om it op dêryn neamde wize te dwaan, it is dus noch gjin útmakke saak. De reden ta dizze trije útstellen is wol foldwaande bekind. It is yndied sa dat út it accountantsraport bliken die dat foar de Blikpôle in part net dutsen wie. De direkteur OWRO hat oanjûn hoe't dat ûntstien is. Hy hat ek tajûn dat it eins oars moatten hie. It kolleezje fynt dat de útlis fan'e direkteur wol akseptearre wurde kin. It is allegear net sa gongen as it heart, mar se hat der fertrouwen yn dat it yn'e takomst better gean sil. Zonder hoofdelijke stemming wordt conform de voorstellen 11, 12, 13 en 14 besloten. 15VQ9tgt9l t<?t goedkeuring van de jaarrekening 1987/1988 van de Stichting Energievoorziening Dearsum. Sjdenkt dat er in de jaarrekening geen afschrijvingen zijn opgenomen. Hij vraagt zich af hoe dat op langere termijn komt. Het is, denkt hij, toch een illussie dat we van de wind kunnen leven. Wethâlder Fgbgr seit dat nettsjinstaande dat der in lytse winst is de finger fansels goed oan'e pols halden wurde moat. De finansjele posysje is noch 90.000,geunstiger wurden troch belesting-weromjefte. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. De schriftelijke stemmingen voortvloeiende uit de voorstellen Voorstel tot benoeming van een ambtenaar van de buroerli-ike stand. 0071V 24

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 36