- 10 - Dat het zo langzamerhand een heel circus wordt om goed met het milieu om te gaan, is een ieder wel duidelijk. De hear G. Bpumji seit dat syn fraksje it in prima saak fynt dat ek it g.f.t.-ôffal no skieden ynsammele wurde kin. In skoft lyn hat de gemeente al subsydzje jûn foar it oanskaffen fan in VAM-vat. Dat hat in dúdlike relaasje mei it útstel dat no dien wurdt om ek g.f.t.-ôffal yn te sammeljen. Dat de gedachte boppe komt om minsken dy't earder al in VAM-vat kocht hawwe en dêrmei in bydrage levere hawwe oan de oplossing fan it ôffalprobleem in koarting of soksawat te jaan, liket hiel legaal. Mar omt it te ferlykjen is mei it oanbieden fan 5 pûden as in pûde ôffal wyks en ek dy minsken dy't folie minder oanbiede gjin koarting krije en der gjin nuansearring yn it taryf bestiet, kin dat no ek net. Syn fraksje fynt dat der ien line lutsen wurde moat. We komme oars ek yn'e knipe ten oansjen fan dy minsken dy't buten it VAM-vat om al lang op in hiel natuerlike wize oan kompostearjen dogge. It soe dus in keunstmjittige skieding wurde as wol it VAM-vat derút ljochte wurde soe. Der libje by syn fraksje noch bést wol fragen oangeande de praktyk. Syn fraksje kin lykwols mei de feiten dy't no bekind binne hielendal achter it útstel stean. Hokker kontainers dan ek, hy giet der fanút dat der goed oerwage ta in oanskaf oergien wurde sil. Hy giet der ek fanút dat it finansjeel run te breidzjen is en dat de Rie net nochris om in kredyt frege wurde sil. It hat him bliken dien dat yn'e praktyk it wurkjen mei dizze nije regeling mear tiid freget as ferwachte wie. Dat is wol foar in part meinommen yn'e opset: der wurdt rekken hélden mei it hieren fan in twadde auto en ekstra mankrêft". Mar hy freget him of oft der wol yn foldwaande mate rekken mei hélden is. As dat reëel yn te skatten is foardat mei it opheljen fan g.f.t. starten wurdt moat der ek fan te foaren in ekstra kredyt frege wurde. Hy wol net dat dat achterôf nochris in kear barre moat. Hy wol noch graach in reaksje jaan op itjinge frou Santema sei oer de foarljochting. Hy is fan miening dat it hiele systeem fan skieden ôffalferwurking stiet as fait mei in goede professioneel oanpakte foarljochting. De hear VQlfrQrfla fynt it in goede saak dat er mei it opheljen fan g.f.t.-ôffal starten wurdt. Der kleevje lykwols noch wol inkelde beswieren oan. Hy tinkt nammentlik dat it opheljen fan g.f.t.-ôffal yn it bütengebiet mar in bytsje fertuten dwaan sil, omt de minsken dér faaks wol in oar plak foar it g.f.t.-ôffal hawwe. It skeelt ek finansjeel sjoen in protte as it bütengebiet net riden wurde hoecht. Wethélder Faber seit dat it bliken docht dat alle trije fraksjes harren yn prinsipe fine kinne yn it útstel. Der hat al hiel was diskusje west oer it opheljen fan g.f.t.-ôffal. In pear jier lyn wie it noch hielendal net helber, ek omt der noch net foldwaande ûnderfining wie mei ditsoarte projekten. 0071V 26

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 38