- 11 - De kommende 2 jier sille alle gemeenten, it belied is dêr op rjochte, oergean ta it ynsammeljen fan g.ft.-ôffal Yn ús gemeente wurket de befolking hiel posityf mei. De minsken binne hiel motivearre en der moat besocht wurde dat ek sa te halden. It freget hiel wat ynset fan de boargers om op ferskillende dagen dan it iene en dan it oare oan de dyk te setten. Der moat besjoen wurde oft it systeem wol goed wurket en oft it miskien ek better kin troch it sa ienfâldich mooglik foar de boargers te meitsjen. Der is noch wat tiid om ien en oar út te sykjen omt pas yn april begûn wurdt mei it ynsammeljen fan g.ft-ôffal Dêr moat ek by belutsen wurde oft it bûtengebiet miedwaan moat as net en ek is der in probleem mei wenten mei twa as trije wenlagen. De hiele nije regeling freget nochal wat foarljochting. Dêrom is der sa'n heech bedrach yn'e begrutting opnommen. It is ek hiel terjochte omt bliken dien hat dat as der in pear wiken wat sleau mei omgien is troch bygelyks neat yn'e Mid-Frieslander op te nimmen, dat fuortendaliks te merken is. Minsken moatte ek goed witte hoe't se mei in minikontainer omgean moatte. It optimale risseltaat stiet as fait mei in goede foarljochting. Se kin har wol yntinke dat guon minsken harren wat pakt fiele omt se earder in kompostbak kocht hawwe en no aanst ek op in oare wize dat ôffal kwyt kinne. Oan'e oare kant is it ek sa dat it produkt fan'e kompostbak, in goede soart kompost, ek wol wat wurdich is. It is net mooglik om yn'e heffing in soart koarting foar minsken mei in kompostbak op te nimmen. It kolleezje hat noch wol neitocht oer de mooglikheid dy minsken in bedrach werom te beteljen. Der is dochs besletten dat net te dwaan omt net mear te achterheijen is wa't allegear in kompostbak oanskaft hawwe of wa't miskien wol seis ien makke hawwe. De hear S. Bouma seit dat der ek in priiskaartsje hinget oan hokker kontainer oanskaft wurde sil. No't dat noch net bekind is, fynt hy dat der sprake is fan in iepeneinregeling, ek al omt sein is dat it kredyt miskien ek noch bysteld wurde moat. Wethâlder Faber seit dat it net safolle útmakket oft der in biocon as minikontainers oanskaft wurde. Wat wol útmakket is it tal tonnen ôffal. De biocon hat it foardiel dat it ôffal yntinnet en dêrtroch hoege der minder tonnen ôffal ferwurke te wurden. Der is yn'e simmer fan 1988 in proef mei dien en de risseltaten wiene hiel posityf. Fanút proeven yn dizze waarme simmer docht bliken dat yn somlike gefallen de ûnderfiningen minder oangenaam wiene trochdat der nochal wat stankoerlêst wie. Der wurdt op dit stuit noch by oare gemeenten nei harren ûnderfining frege. As ek dy negatyf binne, soe it hiel ûnferstannich wêze op de ynsleine wei fierder te gean. In oare oanskaf kin finansjeel wol gefolgen hawwe trochdat it opheljen mear manoeren freget as no rekken mei hâlden wurdt. Mocht it sa wêze dat it finansjeel net run te breidzjen is, dan komt der in nij útstel nei de Rie. Se hopet lykwols en giet der fanút dat it foar it budzjet wat no fêststeld wurdt, te dwaan is. 0071V 27

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 39