- 13 - It is ek wol terjochte dat oare subsydzjejouwers witte wolle wat it de gemeente no eins seis wurdich is. Dat is no dan yn dit útstel dien en it is wol te ferwachtsjen dat it totale bedrach op't kleed komme sil. De tredde ôfdieling sil der fansels oer ynformearre wurde. Se kin no noch net sizze wannear't der begûn wurde sil. Se ferwachtet dat wol yn desimber/jannewaris de stân fan saken oangeande de oare subsydzjes meidield wurde kin. Yn'e tredde ôfdieling komt se der op werom. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet ten behoeve van technisch onderhoud aan de kleuterafdelina van de Dokter E. Halbertsmaskoalle te Grou en aan de gymzalen te Reduzum en Warten. Frou S. Ziilstra freget nei oanleiding fan punt B. oft der tenei wat mear offertes frege wurde kinne. Har fraksje hat dêr al earder op oantrune. Se wol ek graach de reden witte werom it dizze kear net bard is. Wethâlder Bloem seit dat der fral as it giet om ferfangingsynvestearrings net in protte offertes frege wurde. Der wurdt faken in berop dien op de firma dêr't al kontakten mei binne en dy't leveransier is fan it oanbelangjende. It is miskien wol goed dit systeem nochris yntern te bepraten. Frou SjZiilstra seit dat se doelde op alle ynvestearrings. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. Voorstel tot vaststelling van een beleidsplan 1990 tot en met 1993 en een uitvoerinasproaramma 1990 inzake het gemeentelijk beleid voor vrede en solidariteit. De hear Veldstra seit dat hy kennisnommen hat fan'e wurkferslagen fan de wurkgroepen East-Europa en Muy-Muy oer 1988. Hy neamt de diskusjejûn oer Nicaragua, de fototentoanstelling en de ûnderwiisprojekten oer Nicaraqua. It D.D.R.-belied sit noch yn'e tariedingsfase. De grutte trochbraak foar de wurkgroep hat der noch net west. De takomst biedt hoop. De sitewaasje foar Ljouwert ûntjout har op't heden geunstich. Miskien dat de takomst foar ús ek hoopfol is no't it regear fan'e D.D.R. de doarren iepensetten hat. De muorre wurdt no ek letterlik ôfbrutsen. As jo hjoeddedei yn Berlin komme hearre jo oars net as it slaan fan'e mokers en hammers. Hy hat ek seis besocht in stikje fan'e muorre of te brekken, it slagge mar amper, sa hurd is it beton. Foar ús boargers en foar de East-Dútsers binne de kontakten hiel wichtich foar benammen de takomst. It wurdt noch hiel dreech foar East-Dútsers no't dizze "Landgenoten" net oaral wolkom binne.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 41