GEMEENTE BOARNSTERHIM 5. Utstel ta it jaan fan twa strjit- nammen yn Grou. Oan de gemeenteried. Grou, 8 desimber 1989. By beslút fan de ried fan 19 juny 1984 is oan de strjitte dy't fan de J.W. de Visserwei nei de eardere buorkerij Great Biensma rint, de namme "Great Biensma" jûn. De planologyske tarieding fan it bedriuwsterrein Biensma is op kommende wei. It plan is de Oedsmawei - fia in nije ûntslutingswei oer de Rjochte Grou - oan de J.W. de Visserwei ta troch te lûken. Dizze nije wei ek de namme Oedsmawei tejaan kin betiizjend wurkje. Wy binne der foar om de namme Oedsmawei ophâlde te litten yn'e midden fan de te bouwen brêge (giel ynkleure op de tekening dy't op besjen leit) en dêrnei de nije ûntslutingswei de namme "Biensma" te jaan (grien ynkleure op de tekening). De namme "Great Biensma" komt dêrmei te ferfallen. De earste Sfdieling fan'e ried is ek foar de namme "Biensma". De ferneaming en fernûmering dy't hjir efter wei komt foar it bedriuw fan beamker Snoek en foar de familje Booi is net in great beswier. It bedriuw Snoek kin him hjir yn fine. Foar de ûntslutingsdyk op it bedriuwsterrein seis liket ds de namme "Jister" op syn plak (read ynkleurd op'e tekening). De Geakundekommisje kin him mei de neamde dtstellen lykfine. It dêrta fêst te stellen beslut leit yn ûntwerp by de stikken foar jim om op besjen. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0073V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 48