- 2 - No skynt it better te gean. Der is in oerskatsje op'e begruttings fan '90 en de jierren dêr- nei Der is in foars oerskot op'e jierrekken fan '88. We kinne seis wer jild yn ús sparpot glydzje litte. Ja wier, it is in wûndere wrâld, dy wrâld fan ús Bokke. Mar it binne de feiten. En dy sille we ûnder eagen sjen moatte om ús lessen te learen en ús maatregels nimme te kinnen. Wat is der bard, dat it sa healwiis rinne moast? Wat is der bard, dat it no ynienen wer oars liket? Om te begj innen it ferline, dan hoege we it dêrnei hjoed net wer oer te hawwen. Tri je redens binne der rûchwei te neamen foar de swierrichheden fan ús gemeente de ofrune jierren. 1» De rvksbesunicrinos. Dêr is al sa faak op omhaffele, dat it útkôge is. Ik soe der allinnich op wize wolle, dat ús begruttings- oerskot fan '90 foar in grut part ûntstien is omt it ryk syn besunigings net helle hat. B. en W. jouwe dat ek oan. It is dan ek net te sizzen dat der yn'e takomst troch it ryk net wer in oanslach op it gemeentelik budzjet dien wurde sil. It is noch te ier om ferwachtings in positive sin te hawwen. 2. De weryndielina. Dy hie finansjeel besjoen hast net op in beroerder stuit plak fine kind. Dochs hat it bestjoer de moed han om dit sûnder twongen ûntslagen ferrinne te litten. Dochs hat men it oandoard om op koarte termyn de gebouwen- sitewaas je oan te pakken. En op in sunige wise as ik alteast sjoch mei de "miljoenen kantoaren dy't yn oare gemeenten" yn ús gea setten wurde. Dochs is men der troch heroerwagings en reorganisaasje yn slagge it apparaat ta in ridlike ienheid te smeien. In ûndersyksburo sil hjir de puntsjes op 'e i sette. Ferwachtings yn positieve sin binne hjir op har plak. 3. It qrûnbedriuw. Besunigings en weryndieling - oplein troch it ryk - fregen it nedige fan de spankrêft en de reserves, mar it grünbe- driuw die de doar ticht. Troch it ynstoarten fan de boumerkt begjin 80-er jierren ha we lang sitten mei in ferliesjouwend grûnbedriuw. Ik sil inkeld de sifers neame. Tusken '85 en '89, yn 4 jier tiid, hat it de gemeente 16 miljoen koste. Werfan 13 miljoen út 'e reserves. En noch is dizze pasjint net sûn, al kin der dan no al wer syn eigen dokterrekkens betelje. We sille hjir de finger goed oan 'e pols hâlde moatte. 0074V 2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 4