- 3 - Ien en oar hat der ta laat dat de gemeente rut wie en dat alle tsjinslaggen gewoan troch it dochs al net fette húshâldbudzjet opheind wurde moasten. Dat hat in poepetoer west. Der hawwe we as boargers allegear foar bliede moatten. Mar it liket slagge te wezen! De rekken fan '88 jout in oerskot fan 6 ton. Dy kinne fuort wer op it boekje. Troch strak te begrutsjen en troch in strange budzjetbewaking is dat berikt. In komplimint oan it kolleezje en oant it apperaat is hjir op syn plak. En tagelyk - lit dêr gjin misferstân oer bestean - it útgongs- punt dat dit sa bliuwe moat! "Begrutsje mei 't de polsstok lang is en perfoast net fierder ljeppe wolle". As de rekken fan '89 in selde byld jout as dy fan '88 en dat ferwachtsje we eins, dan soe it bets jutte dat we de 90-er jierren yngean kinne mei in finansjeel sûne gemeente, dy 't ek in algemene reserve hat fan in ridlik peil. Mar lit we hoeden bliuwe. Us fraksje wol hjir mei it each op 'e takomst in 5-tal útgongs- of oandachtspunten formulearje. 1' In strak finansieel belied. Yn hokker rjochting dat gean moat is hjir boppe oanjûn. It ûndersyk fan it buro Vos sil him dan ek net allinne rochtsje moatte op taakstelling en útfiering, mar ek op middelenbehear It mei ek dúdlik wêze, dat wy alle nije belied, sûnder eksterne dekking, ôfwize salang de earste fase fan dit ûndersyk rint. Wy witte mar al te goed wêr't de klappen falie as in oerheid te min hat. By boargers en ynstellings dy 't ôfhinkelik binnen fan dy oerheid, by de minsken mei in leech ynkommen. Dat oangeande kinne wy ús fine yn de útstellen fan b. en w. oangeande de leste druk foar kommend jier. Per saldo jout it gjin lestenferheging, earder in daling, foar de trochsnee hierder. Dat ûndanks de foarse ferheging fan de jiskamerrjochten dy't, mei troch it al mar djoerder wurden fan it Olaf, oplein wurde moatte. De eigner/bewenner krigt hjir foar foar in part kompensaasje yn it ferleegjen fan de ûnreplik guodbelesting. Ek dat sprekt ús oan. By it oanbelangjende punt komme we der op werom. 2. De milieusoarch. Dy moat noch mear de klam krije. It is fan libbensbelang. Direkt foar ússels en ús bern. Yndirekt ek foar de gemeentelike ekonomy. Wen jen en rekreëren smite hjir hege eagen en lûke ek wer wurk oan. 0074V 3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 5