- 4 - It lânskip, de natoer/ it milieu binne dêr by grûnstoffen. Dêr moat we yn ynvestearje. De renovaasje fan ús rioelen. De optimale útbou fan ús ôffâltsjinsten, ek nei it bûten- gebied. It skieden, ynsammeljen fan ôffal om ta wergebrúk te kommen. Projekten lykas it enerzyprojekt yn Dearsum. Dat binne saken dy't ús folsleine stipe hawwe. Mar der moat mear barre. Jild foar miljeusaken lykas de Beerenschotjilden moatten optimaal brûkt wurde. Ek as dat ynhâlde soe, dat der mear amtners op dit wurk setten wurde moatte. Dit sil troch us mei klam ynbrocht wurde yn de weroer- wagingsoperaasje. 3Wurk. Wurk heart der te wezen foar elkenien dy't wurkje kin. Der is gjin ferneder jende sitewaas je foar in minske as de hân ophâlde te moatten. In minske dat yn dy sin ôfhinkelik is, is net frij. De wurkleazens is yn ús gemeente skrikbarend heech. It is al sein. Ik wol dêrom in 3-tal saken foarlizze. a. Ik soe fan it kolleezje op koarte termyn in analyse ha wolle fan it hoe en wat fan dizze wurkleazens. Om hokker minsken giet it. Hoe âld, wat foar oplieding ensfh. Dêrnei moat der in plan fan oanpak komme. Alle mooglikheden en middels, dy 't it nije regear liket te bieden, moatte oangrepen wurde. It arbeidsburo nije styl, ús sosjale tsjinst, de stich ting Foarwurk ha hjir in rol yn. De saken sille op elkoar ôfstimd wurde moatten. Lokkich bin der ús kompjûterkursussen, lokkich kin de Baanbrekker wer los, mar sjoen de grutte wurkleazens ûnder froulju en fammen moat ek it fammenwurk mei spylje kinne. It kostet ynspanning, it kostet enerzjy, it kostet faaks wol jild. Mar dat fertsjinnet him op termyn werom. Fansels is derby de gemeentelike ynspanning benammen ek rjochte op it oanlûken fan wurkgelegenheid. Biensma is in moai foarbyld fan hoe oft soks kin. Akwi- sysje en promoasje wiene hjir goed regelen. Ik mei hoopje de ofhanneling ek. Mar der is mear. We hawwe ek noch us bedriuwsterreinen yn Akkrum en Jirnsum. Dêrom: b. Soargje foar in goede promoasje en akwisysje fan dizze terreinen. De R.W. 32 komt deroan! Wêr ommers leit men oan in grut skipfeartwetter, in spoarline en in 4-baansdyk. Wat soene wy minder hawwe as 't Fean, Skarsterlân, Opsterlân, om ris wat te neamen. 0074V 4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 6