GEMEENTE BOARNSTERHIM 20. Utstel om it learmiddelbudzjet foar de iepenbiere basisskoallen te ferheegjen. Aan de ried. Grou, 8 desimber 1989. Mei't de Wet op it Basisûnderwiis op 1 augustus 1985 útein set is, is ek it underskied tusken beukers en legere skoalle learlingen, wat de hichte fan it learmiddelbudzjet oangiet, ferfallen. As nije basis waard nommen it bedrach de learling foar it leger ûnderwiis. Nei oerlis mei de direksjes fan iepenbiere basisskoallen is úteinlik besluten om it learmiddelbudzjet te basearjen op in fêst bedrach de skoalle fan 2.000,en in bedrach de learling fan 94,94. Dêrmei waard lykwols noch net oansluten by de ryksfergoeding foar it ûnderwiislearpakket. Dat is dien, om't der begjin 1986 noch net foldwaande sicht op wie, hoe't it nije fergoedingsstelsel yn'e praktyk útpakke soe. Utgongspunt fan it Londobekostigingsstelsel is in sober nivo fan ûnderwiisfoarsjennings. As de gemeente fan miening is, dat de ryks fergoeding net foldwaande is, stiet it frij om ekstra jild foar it underwiis út te lûken. Op grûn fan de Grûnwet en de Wet op it Basisûnderwiis moatte ekstra útjeften boppe de ryksfergoeding lykwols trochbetelle wurde oan it bysûnder underwiis, de saneamde oerskrijdingsregeling yn it ramt fan de finansjele en materiële lykstelling. Mei om dy reden is der foar keazen om safolle mooglik op de ryksnoarmearing en -fergoeding sitten te gean. De oerskrijdingsregeling (kêst 102 WBU) beslacht yn totaal 19 program's fan easken, dêr't it underwiislearpakket ien fan is. In oantal program's fan easken, sa as kosten fan skoalhimmeljen, ûnderhâld en enerzjy koene net fan de iene op de oare dei oanpast wurdt op it nivo fan de ryksfergoeding. Om de totale kosten (materiële ynstânhâlding) dochs safolle mooglik binne de totale ryksfergoeding te hâlden, is keazen foar in fasearre ynfiering op alle ünderdielen fan it bekostigingsstelsel materiële ynstânhâlding op it nivo fan de ryksfergoeding. Op guon ünderdielen kin dat net oars, mar foar oare ünderdielen is bewust keazen om net fuortdaliks op de Londo-noarm sitten te gean. Benammen foar it underwiislearpakket, hie dat ta gefolch dat der minder útjûn is as dat de gemeente ûntfongen hat fan it Ryk foar dat program fan easken. Dat it learmiddelbudzjet dêr't de iepenbiere basisskoallen oer beskikke kinne, oan'e krappe kant is, dêr binne wy ús fan bewust, mei om't de ryksfergoeding basearre is op it niisneamde "sobere nivo". Sjoen de maatregels dy't de leste jierren nommen binne om de oerskrijdings op oare ünderdielen te beheinen, wurdt it dan no ek tiid om it learmiddelbudzjet te ferheegjen. Dat kin mei yngong fan 1990 sûnder dat soks konsekwinsjes hat nei it bysûnder underwiis. 0073V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 71