- 5 - Spring derop yn! En lit de ôfhanneling rinne fia dat al sa faak neamde iene loket. Jou akwisysje, promoasje en ôfhanneling yn ien hân. Ik wit dat dit net nij is, mar it is wichtich genôch om it nochris te sizzen. En as ik it ferkeard sjoch hear ik it graach. In wichtige poat ûnder de wurkgelegenheid yn ús gemeente is fansels it toerisme. It toeristysk produkt kin en moat fersterke wurde. Dêr sil we 't oer iens wêze. Goede oansetten wurde dien yn Terherne en Grou. Opbring- sten út de ferkeap fan Yn'e Lijte moatte yn de toeris- tyske ynfrastruktuur stutzen wurde. Ek dat binne we iens, tink. Mar der moat mear barre. Us besteande wetter-areaal moat op djipte hâlde wurde. Us wetter-areaal kin útwreide wurde. Dammen kinne der út, brêgen kinne omheech. It lytse farwegenplan jout ien en oar oan. De plannen om fan De Bird natoer- en rekreaasjeterrein te meitsjen moatte trochgean. It is eins fan de gekke dat men by Earnewâld in heech- waardich natoerterrein oanleit mei fuort dêrneist 300 simmerwenten. We hiene mei in part dêrfan faaks De Bird-plannen realisearje kinnen. Mar der ha wy gjin sizzen oer. Dêroms c. Besykje mei provinsje en oanbelangjende gemeente om 'e tafel te kommen. Yn myn eagen is der ferlet fan in fyzje op it hiele marren gebied. Fan Burgum oant Starum. Fan Makkum oan De Kuinre. Elk hat syn winsken en plannen. Elk hat syn swierrichheden en tsjinslaggen. Meielkoar kin der wat barre. Spring derop bestjoer! Meitsje der wurk fan! Kypje oer de gemeentegrinzen en lit oaren dat ek dwaan. Bestook de provinsje. Der moat wat barre, der kin wat barre. Faaks^ is der in moai dofke Jeropeesk jild te winnen. Lit ús de saken koördinearje sadat elk der better fan wurdt. It gehiel is noch altyd mear as de parten. Ik ben benijd. 4. Wenien. Boarnsterhim is in wengemeente by útstek. It ynwennertal groeit noch hyltyd. Benammen yn 'e gruttere doarpen is der noch genôch flecht op 'e koai. Kennelik is de ynrjochting fan ús wenwiken sa dat it minsken oansprekt en oanlûkt. Lit ús dat sa hâlde. Want mear ynwenners jout ommers ek mear draachflak foar tal fan foarsjennings 0074V 5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 7