- 6 - Soarch jout ús de ûntjouwing yn benammen de noard-westelike hoeke fan de gemeente. Leechstân en net te ferkeapjen bouterreinen drukke der swier op de doarpen. We soene wolle dat it kolleezje ek der each foar hâlde. Maatregels yn 't ramt fan de dorpsfernijing, it lytse kearnenbelied, de monumintensoarch kinne wat romte jaan. Utstellen út de mienskippen seis sille troch b. en w. serieus oerweage en sa mooglik útfierd wurde moatte. In pear kanttekens soe 'k meitsje wolle by de ynfrastruktuur fan wegen en fytspaden. a. Ik freegje my óf oft it net goed wêze soe en meitsje in plankje foar de meast winslike fvtspaden en besykje dêrr.-'i der jild foar te krijen middels subsydzjepotten. Ik tink dan benammen oan Grou - Warten/Wergea en Warten/Garyp b. Inselde opmerking soe ik meitsje wolle oangeande de súdwestelike rânewei fan Akkrum. De boel giet dêr no op'e skeppe en der is ûnder de bewenners argewaasje oangeande de oansluting by de Sitadel Fraach: Kin dizze net ferfalle as der tagelyk in plan makke wurdt foar de neamde rânewei? Foar de oanlis dêrfan soe dan op koarte termyn jild fûn wurdt moatte sadat de Feansterdyk yn alle gefallen it trochgeande ferkear net hoecht te ferwurkjen. Faaks fait der mei Ryswettersteat te praten. Foar de oansluting Sitadel moat se dochs ek jild útlûke. Neffens my is dit dé oplossing. Noch ien punt moat it omtinken ha. 5. Sosiaal-kulturele vnfrastruktuur Foar ús is dat in hiel wêzenlike saak. De kwaliteit fan it bestean wurdt ek bepaald troch de mooglikheden fan maatskippelike dielname. Fan belang derby is dat de foarsjennings berikber en tagonkelik binne foar elk. Ek finansjeel. It minimabelied sil trochset wurde moatte. Oandacht foar oare groepen yn efterstân-sitewaasjes sil der bliuwe of komme moatte. Us gemeente is knap taparten mei foarsjennings, skoallen, sportfjilden, gymlokalen, sporthallen, in swimbad, ferieningsromten en no ek noch rûnom jeugdgebouwen; hast elk doarp is foarsjoen. It liket faak sa gewoan, mar it moat wol yn stân halden wurde. De boarger freget, de gemeente soarget, mar it moat bestuivere wurde. In goede ynfrastruktuur freget offers. Us lesten binne dan ek net leech. Dochs finne wy dat we der noch net al hiel binne. 0074V 6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 8