-9- Se wol graach dat by de weroerwaging de begrutting fan'e stichting Aldereinwurk wer op'e tafel komt sadat der dan miskien in útstel komme kin om mear oan it âldereinbelied te dwaan. Frou S» Ziilstra fynt it lokkich dat de leste jierren it âldereinbelied sa fan'e grûn kaam is. It is dêrom ek tige spitich dat ofrune maitiid bliken die dat de jilden net mear tarikkend wiene. Der is doe besletten by de weroerwaging alles op'e nij te besjen. De stichting is mei faasje útein set en lit in dúdlike fysje sjen en dêrom is it wol spitich dat it sa rinne moat. Mei it each op it grutte tal âlderen is it wol fan belang dat der in protte ûntwikkelingen geande binne. Sy neamt it wentemerkûndersyk omt der in grut ferlet is fan wenten foar âlderen. Se wiist der mei klam op dat der al yn in ier stadium oerlis komme moatte soe mei de Stichting Aldereinwurk. Yn Leppehiem moatte 15 beden ynlevere wurde en dat jout in grutte druk op'e thússoarch. Dan binne der noch de alarmearring-, de waarm-iten-foarsjenning en de wykfunksje fan it âldereintehûsAl dizze ûntjouwings jouwe har fraksje it besef dat it aldereinwurk by de weroerwaging in grutte prioriteit hawwe moat en it is foar harren de fraach oft it earder ynsetten jild op den doer wol genôch wêze sil foar dit wurk. Se hopet dat it ûntwikkeljen fan'e fysje aldereinwurk yn'e jierren '90 yn goede gearwurking fan gemeente en de stichting Aldereinwurk barre sil. De hear Dotincra fynt dat it êldereinbelied by de weroriëntaasje wer oan'e oarder komme moat. De hear Van der Baan fynt it net ferantwurde dat der foar de kommende tiid neat as frijwol neat dien wurde kin op it mêd fan it flankearjend êldereinbelied. It gehiel fan'e oanfragen fan'e Stichting Aldereinwurk fynt hy goed ûnderboud. It kolleezje hat de arguminten ynhêldlik net werlein en de oerwaging hat allinne in finansjele ynfalshoeke. Fan't maitiid is tasein dat de saak by de begrutting foar 1990 op'e nij wer besjoen wurde soe, en mei dy tasizzing is syn fraksje doe akkoart gien. Mar dat bard dus no net. It kolleezje set troch, mar der moat net fergetten wurde dat der klearbere earmoede is op tal fan fronten en by in part fan'e êlderein seis. In êlderein, dêr't we in protte oan te tank jen hawwe benammen yn'e nei-oarlochske tiid. Yn ús rike lên en yn ús gemeente moatte wy net de hêlding oannimme dat earmoede in needlot is. Earmoede is ûnrjocht en streekrjocht in gefolch fan in ekonomyske kar. De earderneamde lûden sille opfongen wurde moatte en it belied sil der op êfstimd wurde moatte. Dat moat as heechste prioriteit steld wurde. Der is wiswier wol romte yn'e begrutting om de útgongspunten foar it êldereinbelied sa't dy earder troch de rie útsprutsen binne, finansjeel te honorearjen. 0075V 17

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 11