-10- Om dy reden giet hy derfoar yn'e pleit de oarspronklike oanfragen hielendal te honorearjen om dêrmei de wurklikheid fan de need ûnder de alderein net te ûntkennen. De illusje dat eltsenien dy't yn Boarnsterhim it goed hat en de gedachte dat de âlderein it goed genôch hat moatte ûntmaskere wurde. De gedachte dat ús gemeente finansjeel der net sa best foarstiet is tsjinoer dy need net fol te hâlden en dat der dêrom gjin jild foar de alderein beskikber komt is foar syn fraksje net akseptabel. Wethâlder Bloem is it net mei de hear Van der Baan iens dat út it útstel minachting foar de sitewaasje fan alderen sprekt. Yn it útstel komt in fierdere útwurking fan saken dy't earder oanjûn binne, oan'e oarder. Yn novimber is by de behanneling fan'e begrutting besletten dat in tal saken, wêrûnder it aldereinwurk, op'e nij besjoen wurde sil yn it ramt fan de weroerwaging. Se fynt it dan ek gjin pas jaan dat de hear Van der Baan sa'n miening nei foaren bringt. By de beoardieling fan'e begrutting fan'e Stichting Aldereinwurk wie it kolleezje beheind ta de romte dy't der op dit momint yn'e gemeentebegrutting is. It kolleezje fynt dat de stichting safolle mooglik kontinuïteit garandearre wurde moat. It wentemerkûndersyk is tige wichtich fral mei it each op de alderein. Se kin mei frou Zijlstra iens wêze dat it in hiel goede saak is om tusken no en de weroerwaging goed nei té tinken oer de ûntjouwingen op it mêd fan it aldereinwurk. Mooglik moatte bygelyks de opmerkingen oer de alarmearring wersjoen wurde. Se nimt oan dat de rie it iens is mei it subsidiearjen fan'e Stichting Wolwêzen Alderein Menameradiel Ek foar it kolleezje hat it in drege saak west om de oanfragen op dizze wize te beoardieljen. De sinjalen fanút de rie binne foar it kolleezje dúdlik genôch om by de weroerwaging hiel serieus te sjen nei hoe't de ferantwurdlikens foar de alderein wier makke wurde kin. Frou S_jZiilstra wol útstelle it proseduerefoarstel sa't dat yn it brief fan de Stichting Aldereinwurk stiet te stypjen. Frou Watzerna is it der mei iens. De hear Van der Baan seit dat as in politike party in bepaald stânpunt nei foaren bringt dat net ynhâldt dat in oar stânpunt minachte of leechachte wurdt. Elkenien is frij yn syn of har kar en yn in demokrasy mei ek elkenien syn miening nei foaren bringe. De hear Bethlehem freget oft it wentemerkûndersyk ek echt yn gearwurking mei de stichting Aldereinwurk en de wentebouferiening hâlden wurde sil. Wethâlder Bloem seit dat se bedoeld hat te sizzen dat de hear Van der Baan achter it útstel fan it kolleezje allegear gedachten en mieningen sjocht oer alderen dy't der seker by it kolleezje net binne en der ek net west hawwe. 0075V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 12