-12- 23Voorstelinzake samenvoeging van de scholengemeenschap "Mid- Frvslân" te Akkrum en de Carel van Roordaschool te Gron. Frou AjZiilstra sprekt wurdearring út foar de gong fan saken by it gearfoegjen fan'e beide skoallen. Nei't der jierren tsjinoan skytskoarre is is no yn in koart skoftke tiid yn in goed oerlis de basis lein foar ien grutte skoallemienskip yn ús gemeente. Dit is allinne noch mar de basis, it moat noch fierder útwurke wurde. Se freget it kolleezje oft de stjoergroep fierder giet of dat der wat oars foar yn't plak komt. Se is bliid dat der op twa lokaasjes les jün wurde kin. Dat is tige wichtich foar in plattelênsgemeente sa as Boarnsterhim. It is moai meinommen dat we ek klear binne foar de basisfoarming sa't dy der oan te kommen stiet. Akkrum en Grou, twa plakken skieden troch grutte wegen en farwetters. Der is hast gjin iepenbier ferfier tusken beide doarpen. Dêrtroch is it, ek foar de omkriten fan beide doarpen, needsaaklik dat it underwiis sa ticht mooglik nei de berh tabrocht wurdt. Ferlikings mei in stêd binne net te lûken. Se hat it idee, dat dat ek ta it regear trochkringet. Wolle we ús skoallen op it plattelân hélde dan bliuwt it saak dêr hyltiten wer op te wizen. It soe dêrom goed wêze kinne dat it kolleezje ris neigiet hokker plannen oare skoallen op it plattelân hawwe. Dan kin der mooglik meielkoar in fûst makke wurde sadat dúdlik wurdt dat in doarp gjin stêd is en dat in doarp ek net oan stêdse noarmen foldwaan kin. Se freget it kolleezje prikken yn it wurk te stellen foar oerlis mei oaren yn'e provinsje. Ek it provinsjaal bestjoer sil der grif oan meiwurkje wolle. Se hopet dat de faas je dy't der no ynsit trochset wurde sil sadat yn augustus 1990 de brede skoallemienskip útein sette kin. Frou Watzema seit dat regearen foarútsjen is en dit útstel is der in goed foarbyld fan. As we yn ús kontreien de garânsje hawwe wolle fan goed fuortset underwiis dan moat der wat barre. Foar ús leit in fúsjeplan dat de leste tiid yn goede harmony mei it ferstân foarop, ta stân kommen is. Foaral wichtich is it dat der les jün wurde kin op twa lokaasjes. Se hopet dat dat ek in wichtich punt bliuwe sil. Se hopet dat as it safier is we útein sette kinne mei in sterke skoallemienskip foar it fuortset underwiis yn ús gemeente. De hear Dotinaa hat alle wurdearring foar in fúsjeplan. Der is yn koarte tiid in protte ta stân kommen. It is in moai gehiel wurden en hy winsket de behearskommisje dêrmei lok. Hy hopet ek dat de beide brêgeklassen yn sawol Grou as Akkrum bestean bliuwe kinne De hear Van der Baan seit dat syn fraksje it belang fan goede ûnderwiisfoarsjennings op it plattelân ûnderskriuwt. Yn dizze fysje sil de posysje fan it fuortset ûnderwiis yn ús gemeente fuortsterkje kinne. Benammen ek omt de mooglikheden fan in learling om in kar te meitsje út it takenpakket tannimme. Hy freget benammen oandacht foar de posysje fan it frysk dêryn. 0075V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 14