-10- Hy stelt út ek de brêge oer de Jirnsumersyl oer te nimmen, sadat der aanst de mooglikheid ûntstiet dy brêge te ferheegjen. Dêrtroch kin der in goede ferbining makke wurde tusken Reduzum en Grou. It slút boppedat oan by it útbaggerjen fan it Swin en by de oanlis en it ferbetterjen fan it haventsje yn Reduzum. Pleatslik Belang Jirnsum soe dêr net ofwiizend tsjinoer stean. Sa kinne we dochs noch wat winst hel je út in min of te mear twongen oername. Hy freget him of wêr't skeaklaims ynstjinne wurde kinne. It soe normaal wêze as dat by de oannimmer wêze soe. Is der ek sprake fan in boarchsom foar de oannimmer om yn hâlders hân te wezen? It hat him fernuvere dat de brêge út'e J.W. de Visserwei ferkocht is wylst earder, doe't hy de suggestje die de brêge nei Terherne oer te bringen, sein is dat de brêge ryp foar de sloop is. Soe de brêge yn Lijmuiden dêr't er hinne is dan net yn elkoar falie en yn Terherne wol. Ek soe hy wol witte wolle wat de brêge eins opbrocht hat.. De hear Volhard» fernuvert him der oer dat der no oer falie* wurdt dat der aanst grutte sântransporten troch de Rjochte Grou moatte. Hy kin wol achter it útstel fan it kolleezje stean. Wat de oernamme fan it wetter oanbelanget kin hy him wol in moaier kado fan'e provinsje yntinke. Hy is der net foar om ek de brêge yn'e Jirnsumersyl oer te nimmen. Wethâlder Sraauwgm» seit dat net it wetter foar de jeugdherberch lâns oernommen wurde sil. It giet om it gedeelte fanêf de J.W. de Visserwei oant de rykswei. As de gemeente it wetter oernimt sil de gemeente ek de nedige foarskriften jaan foar dy skippen dy't gebrûk meitsje fan it wetter. Dat betsjut bygelyks dat de oannimmer der mar mei ien skip tagelyk komme mei. Hy tinkt dat it in goede saak is dat de gemeente it wetter oernimt omt de gemeente al in soad besluten nommen hat om bygelyks stegers te slaan yn wetter dat eigendom fan'e provinsje is. Mei de oername wurdt dat rjochtlutsen. Fan it oare stik hat de gemeente net sa'n ferlet. Hy kin him lykwols wol yntinke dat de provinsje fanút in sterke ûnderhannelingsposysje dat stik bynt oan it earste stik. It kolleezje tinkt dat nettsjinsteande dat der gjin ferlet fan dat stik wetter is it dochs noch wolris posityf útwurkje kin. Hy tinkt dan oan it fernijen fan it kontrakt yn 1992 mei de F.B.C. De gemeente hat dan seis it eigendom en hat dan oer dat kontrakt folie mear te sizzen. Hy tinkt dat de doarpsfernijingskommisje yn Jirnsum miskien yn'e takomst nochris neitinke kin oer de Jirnsumersylbrêge. De brêge is lykwols yn eigendom, ûnderhâld en behear by de provinsje. Hy is yn elts gefal bliid dat de hear Van der Baan no ek meitinken giet oer wat der nei it nommen beslút fan'e rie barre moat. De hear Van der Baan wiist derop dat de Jirnsumersylbrêge al jierren by de gemeente yn ûnderhâld is. Hy wol graach witte werom de wethâlder oername fan'e brêge op dit stuit net sa wichtich fynt. 0076V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 13