-8- De ôfwaging dy't it kolleezje makke hat is syn fraksje mei akkoart. It soe mooglik wêze en meitsje de kavelpriis heger. Hy tinkt lykwols dat de opfolling fan it bestimmingsplan minder hurd gean sil en dat elts der mei holpen is dat der sa gau mooglik boud wurde kin. Hy hat heard dat der foldwaande animo is foar de bouterreinen sadat hy goede hoop hat dat de tekoarten mar hiel lyts wêze sille. De hear Volberda tinkt dat der mar ien middel is om de tekoarten sa leech mooglik te hélden en dat is sa gau mooglik mei it bouwen te begjinnen. De hear SBouma seit dat syn fraksje ek bliid is dat der yn Wergea boud wurde kin. Yn earste ynstansje wie it ljocht op grien omt der in slutende eksploitaasje wie. It plan is letter wat lúkser wurden en yn'e ynspraak hat hy de wethalder frege hoe't it der nog mei de ekploitaasje-opset foar stiet. It like doe noch geunstich en no wurdt der sein dat der in lyts tekoart is ünder oaren troch de rintestiging. Hy begrypt net dat de amtners dat net oankommen sjoen hawwe en foarútrinnend dêrop in goede berekkening makke hawwe mei in lytse marzje deryn. No wurdt der in ferklearring jûn fan de tekoarten. Hy tinkt lykwols dat der mear achter sit dan allinne de rintestiging. Hy soe dêr graach mear dúdlikheid oer hawwe wolle. Wethalder Breeuwsma seit dat it net giet om in oanbesteging mar om in rûzing. Der is sân foar in hiel skaplike priis kocht fan'e oannimmer fan RW 32. Der wurdt earst mar in part fan it plan bouryp makke. Doe't it plan opset is is men utgien fan 7% rinte. Sa is it ek foar goedkarring nei de provinsje stjoerd. Oerlis mei de provinsje hat opsmiten dat wy rekken hâlde moatte mei 8% persint rinte. Dizze hegere rinte makket dat der no in tekoart is wylst der earst fan 35.000,foardielich utgien is. Hy tinkt dat it wol kâns fan slagjen hat om flugger te bouwen al hinget dan fan in protte faktoren of. Ien ding stiet fêst, der moat sa gau mooglik mei de útjefte fan'e grûn begûn wurde. Der sit neat mear achter de nije opset en der is ek gjin wurd Frânsk by sa as de hear Bouma tinkt. De hear Van der Baan is it der wol mei iens dat der geunstich saken dien wurde moat. Lykwols stekt it wol dat de eigen oannimmers gjin kans krigen hawwe. De hear SBouma seit dat it stik fan'e ôfdieling finânsjes net yn'e ôfdieling bepraat is en dat wekt no krekt de yndruk dat der wat achter sitte soe. Fandêr syn fraach. 0076V 53

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 10