-9- Wethâlder Breeuwsma seit dat der wol priis frege is fan in oanniiraner dy't geregeld wurk foar ús docht. De priis fan'e oannimmer fan RW 32 wie lykwols folie leger. Tsjin de hear Bouma seit hy nochris dat alles kloppet as in bus en dat allinne de hegere rinte oarsaak is fan dit tekoart. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform de voorstellen 11 en 24 besloten. 12Voorstel tot vaststelling van het bestemmingsplan "Kom Grouw. plan Oosterveld". De hear Van der Baan fynt it spitich dat dit útstel net yn'e 4e ôfdieling behannele is. Dan hiene de bewenners ek noch wat sizze kind. Hy hopet lykwols dat der achterôf noch oer praten wurde kin. De hear Nieuwdam soe it ek in goede saak fine dat it útstel yn acht nommen it no te nimmen beslút yn'e kommende ôfdielingsgear- komste noch bepraten wurde kin sadat de bewenners fan it plan Oosterveld noch de gelegenheid hawwe der wat oer te sizzen. Wethâlder Breeuwsma seit dat it oer it generaal sa is dat as saken soepel ferrinne en der hat in soad oerlis west mei de ôfdieling en de buertbewenners en der binne gjin beswierskriften, noch in ekstra gearkomste eins net nedich is. Hy wol lykwols wol tasizze dat der yn'e kommende ôfdieling noch oer praten wurde sil. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 13. Voorsteltot het beschikbaar stellen van een krediet voor de inrichting van het terrein van de voormalige kapel aan de le Oosterveldstraat te Grou. De hear Van der Baan is bliid dat it no eins safier is dat der mei de ynrjochting begûn wurde kin. Dat hat sa njonkelytsen 12 jier duorre. Hy freget wannear't der mei it wurk begûn wurdt. Wethâlder Breeuwsma seit dat de gemeente de grûn noch net sa lang yn eigendom hat. Sûnt dy tiid is der mei faas je oan'e plannen wurke. Hy tinkt dat noch foar de simmer mei it wurk útein set wurde sil. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 0076V 54

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 11