-10- Voorstel met betrekkina tot de bouwaanvraaa c.q. verzoek om vrijstelling van Kooiker B.V. voor het uitbreiden van het bedrijf aan de Stationsweg te Grou. De voorzitter selt voor de brief van de fa. Kooiker van 15 februari 1990 bij de discussie te betrekken. De hear Nieuwdam hopet dat jûn nei der al oardel jier mei dwaande west te hawwen, de léste fase ôfrûne wurde kin. Der leit no in útstel fan 7 bledsiden en dat jout wol oan dat it gjin geringe saak is. It giet hjir net om in ienfaldige boufergunning. Der spylje in tal eleminten mei as miljeu, lûdsoerlêst, wengenot en bedriuwsuntwikkeling. Yn maaie 1989 hat de rie ek al sprutsen oer de boufergunning. Syn fraksje hat doe in posityf lûd hearre litten ten oansjen fan de fa. Kooiker. It kolleezje komt no mei in útstel in boufergunning te ferlienen mei in 6-tal betingsten. Mei de earste 5 betingsten kin syn fraksje akkoart gean. By punt 6 hat hy de folgjende opmerkings. Dêr't de fa. Kooiker de loads bouwe wol is fêststeld dat dér fersmoarge grûn ûnder sit. Net de fa. Kooiker is de fersmoarger mat it izerfabryk dat dér eartiids stie. Dus kin de fa. Kooiker ek net oanspraaklik steld wurde. Hy tinkt ek net dat it kolleezje dat seit mar sjoen punt 6 liket it derop dat men ien en oar besiket te kombinearjen. Hy seit dér yn prinsipjele sin problemen mei te hawwen. As der fersmoarging konstatearre is en as de hjoeddeistige eigener der neat mei te krijen hat dan moat de oerheid de smoarge grûn opromje. Hy begrypt wol dat dit stik je grûn noch lang net oan bar is yn'e planning mar no't dizze boufergunning oanfrege wurdt feroaret dat de saak. Hy docht derom it útstel punt 6 net ta te heakjen oan de betingsten by de boufergunning. Kooiker moat yn'e gelegenheid wêze op skjinne grûn te bouwen. De fa. Kooiker sil dan ek net bouwe as der in betingst opnommen wurdt dat sy seis de fersmoarge grûn fuorthelje moatte. Yn in normale sitewaasje soe dat allinne mar spitich wêze as Kooiker net bouwe sil. Yn dit gefal giet it net allinne om it bouwen fan'e loads op himsels mar is der sjoen fanút it eachpunt fan algemien belang folie mear anneks mei dizze boufergunning, nammentlik de ynrjochting fan'e wenomjouwing en de fermindering fan'e lûds- en miljeuoerlêst. Syn fraksje fynt it tige wichtich dat der op koarte termyn in loads komt dy't dat stik Stasjonwei definityf ôfslút wêrtroch it foar de bewenners gans oantrekliker is dêr te wenjen ek sjoen de stankoerlêst dy't der no is. De hear SBouma seit dat de fa. Kooiker en de bewenners akkoart gean kinne mei it útstel útsein dat Kooiker net akkoart gean kin mei betingst 6. 0076V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 12