-11- Syn fraksje is lykas dy fan'e P.v.d.A. fan miening dat de gemeente der foar soargje moat dat Kooiker op skjinne grûn bouwe moatte kin en sy stipet dêrom it útstel fan de hear Nieuwdam. De hear Volberda seit dat syn fraksje ek achter dat útstel stean kin. Der sil no noch in wei fûn wurde moatte om de ekstra kosten foar de gemeente te dekken. De hear Van der Baan fynt it in deeglik en goed ôfwugen útstel. Hy kin net goed besjen hoe't alles krekt ynelkoar stekt wat betingst nûmer 6 oanbelanget. Foar de rest giet hy akkoart mei it útstel. Wethâlder Breeuwsma seit dat it yndied sa is dat de grûn net troch de fa. Kooiker fersmoarge is. Yn ús gemeente binne der noch folie mear fan dit soarte plakken. De gedachte fan it kolleezje is dat, sjoen it feit dat de grûn eartiids troch in oar fersmoarge is, de transport- en stoartkosten fan'e fersmoarge grûn en dat is om en de by 21.000,foar rekken fan'e gemeente komme sil. It ûntgraven en wer oanfoljen mei sân soe dan troch de fa. Kooiker dien wurde moatte. Dat kostet da likernôch 4 as 5 tûzen gûne. De fa. Kooiker is net ree dat te dwaan. It is him dúdlik wurden dat de rie ek wol dat de gemeente alles betellet. Hy freget him dan of wer't de dekking weikomme moat. Mar as de rie sa ienriedich is wol hy wol tasizze dat der nochris nei sjoen wurde sil as betingst 6 ek ferfalle kin en oft der dekking fûn wurde kin foar de 5.000,dy't nedich is foar ûntgraven en wer oanfoljen mei sân. De hear Nieuwdam is der bliid mei dat de gemeente de transport en stoartkosten betel je wol. De gemeente seit dat de grûn útgroeven wurde moat foardat der boud wurde kin en Kooiker wol net seis it útgraven fan'e grûn betel je omt if neffens him net nedich is dat de grûn útgroeven wurdt om te bouwen en dêr sit no krekt de patstelling dêr't it eins om giet. Hy fynt dat de gemeente dan mar de wiiste party wêze moat ek yn it belang fan it miljeu. Komme we oer de hun dan komme we ek oer de sturt. De hear SBouma fynt dat de útkomst fan it rapport it útgongspunt wêze moat en dat de gemeente dus soarget dat de smoarge grûn opromme wurdt. De hear Volberda freget oft der by foarige eigeners ek noch wat te heljen is. De hear Van der Baan fynt dat de gemeente mar wat soepeler wêze moat en betelje alle kosten. Wethêlder Breeuwsma seit dat der neat te heljen is by foarige eigeners omt dy eins net iens bekind binne. 0076V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 13