-2- De hear Van der Baan seit dat der tusken it bedrach dat de hear Bouma krigen hat en it yn it útstel neamde bedrach fan 250.000,in ferskil is fan 350.000, Moat hy dat sjen as ynkommens s ke a? Wethêlder Breeuwsma seit dat hy dat no net sizze kin, dêrfoar moat hy ek alle papieren derby hawwe. Mar de hear Van der Baan wit him buten de riedsgearkomste ek wol te finen sadat der danris neier yndûkt wurde kin. Nummer 5 De hear Van der Baan seit dat hy it der wol mei iens wêze koe dat der 3 ton út'e gaswinsten helle wurdt, as is mar net út'e gemeentlike gaswinsten wêze soe mar út dy fan it ryk. No betellet de regio net allinne de 3 ton út'e gemeentekas mar ek nochris 7 ton troch de provinsje. Yn totaal wurdt der 2,2 miljoen út'e I.S.P.fûnsen helle en dat jild is net bestimd foar rykswegen, mar foar regionale wegen. Dan wurdt der noch in miljoen helle út'e regionale jilden foar de lênskipfersoarging en soks betsjut dat oare projekten net útfierd wurde kinne. It giet derby om in totaalbedrach fan 4,2 miljoen. No soe it akwadukt neffens de ferhalen 7 miljoen djoerder wêze. It ministearje soe der 2,8 miljoen fan betelje. Mar it jild dat it ministearje yndertiid beskikber steld har is net mear oan te toarnen. Dat is yn'e oerienkomst mei de provinsje fan maaie 1986 hiel dúdlik steld. Der kin dus oannommen wurde dat dy 2,8 miljoen fûn wurde sil troch besunigings op it totale projekt rykswei 32, Op de ynspraakjûn yn Akkrum hat de wurdfierder fan Rykswettersteat sein dat yn earste ynstânsje in lege brêge pland wie oer de Boarn. Dat wie, achterôf besjoen, gjin goede saak en dêrom is doe in hege brêge fan 9 meter pland dy't 5 a 6 miljoen djoerder wie as de lege brêge. Dat jild is fûn troch in oare útfieringswize en oanpassings fan en yn'e rykswei. Hie dit earste plan direkt goed opsetten west dan hie it oandiel fan Rykswettersteat al yn 1986 5 6 miljoen heger west. It it dus in flater fan Rykswettersteat dat it akwadukt betelle wurde moat troch de regio. Sjoen dit alles fynt hy dat de gemeente net meibetelje moat oan it akwadukt. Hy stelt út de 3 ton net te beteljen mar wol soe dan de 2,5 km dyk om neat oemommen wurdt moatte. De hear Bethlehem fynt dat dizze meidieling eins as in útstel behannele wurde moat. Hy sitearret in haadartikel út'e Ljouwerter krante fan 14 febrewaris dêr't yn stie dat Fryslân eins meibetellet oan'e oplossing fan'e problemen yn'e ranestêd. Syn fraksje wol hoewol 't se it yn prinsipe ek wol iens wêze kin mei de F.N.P. yn dit gefal lykwols meibetelje omt it tige wichtich is dat it akwadukt der komt, yn it belang fan'e rekreaasje en yn it bysûnder foar Akkrum. 0076V 47

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 4