-3- Hy is der noch wol nijsgjirrich nei oft de F.N.P. dochs ek wol fynt dat it akwadukt der komme moat. Wethâlder Breeuwsma seit dat de earste opset wie dat de gemeente 2 ton betel je soe. It die bliken dat dat net genôch wie yn'e ûnderhannelings. It kolleezje tinkt lykwols dat nei it ôflûken fan'e leges der likernôch 2 ton oerbliuwe sil. Omt net krekt bekind is hoe heech dat bedrach wêze sil is earst de dekking fan it hiele bedrach helle út'e gaswinsten. Hy seit ta dat de netto legesopbringst as dekking brûkt wurde sil. Hy kin him net yntinke dat de hear Van der Baan fan betinken is dat it akwadukt mar oergean moatte soe omt de gemeente de lytse bydrage fan 3 ton net betel je wol. It is ommers in geweldige útkomst dat der in akwadukt komt. It kolleezje hat dêr in soad wurk foar dien om op sa'n koarte ôfstân twa fan dizze grutte wurken te krijen dy't fan grut belang binne foar it ferkear oer sawol it wetter as oer de wei. Hy tinkt ek dat it in goede opstekker is foar de rekréaasje. It ryk woe earst maksimaal in hege brêge oanlizze. De gemeente hat dat altiten oanfochten en hy fynt dan dat no it akwadukt der komt we der net ûnderút kinne en betelje dêr in bydrage oan. De 2,5 km dyk fanôf it spoar oant'e gemeentegrins mei Skarsterlên dêr't de hear Van der Baan op tsjutte is al fan ús gemeente. De hear Van der Baan giet it derom dat hy it prinsipieel net kor rekt fynt dat de gemeente 3 ton betellet. We moatte der by dit soarte saken wol goed fan oertsjûge wêze dat it ryk ek echt de bydrage betellet dy't we tinke dat se betelje sille. Rykswettersteat soe ek it bewiismateriaal derfoar mar leverje moatte want as hy de rapporten fan'e Rekkenkeamer lést oer it finânsjele bewâld fan dizze ynstênsje dan liket him dat net in oerdreaune eask. Pas op it alderlêst soe hy nei dy 3 ton ta wolle. In aardich detail is noch dat de EFRO yndertiid 10 miljoen oan Ekonomysje Saken jûn dy't net nei de I.S.P.-jilden gongen binne. Dat betsjut dat we dus eins 31 ynstee fan 21 miljoen betelje. Ek dit jout de swakke posysje fan it noarden oan yn de ûnderhannelingen rûn de rykswei 32. Hy giet der derom foar yn'e pleit sa lang mooglik de poat stiif te hélden. Frou Santema fynt dat der net sa'n grutte diskusje heart te wêzen as it om in meidieling giet. Soks heart dan thús yn in ôfdielingsgearkomste. Fansels is har fraksje it der mei iens dat it akwadukt der komt. De hear Volberda seit dat syn fraksje achter it kolleezje stiet. As jo foar sa'n lyts bedrach in akwadukt krije kinne moat dat altiten wêze. Wethêlder Breeuwsma seit dat it kolleezje der tige wiis mei is dat nei swiere underhannelingen dit risseltaat helle is. 0076V 48

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 5