-6- Se soe der tige mei ynnommen wêze om dan de plannen dy't yn goede gearwurking tusken de wentebouwferiening, Leppehiem en de gemeente ta stén kommen binne ek út te fieren. Troch it kontingent foar wenfoarsjennings foar alderen te bestimmen wurdt der ynspile op it ek hjir al earder sinjalearre ferlet fan âlderen sa as dat ek al dúdlik ferwurde is yn it konsept-beliedsplan folkshúsfesting. Leppehiem wol neffens har fysje en planfoarming fan fersoar- gingshûs in hûs wurde mei ferskate funksjes rjochte op alderen. De doelstelling bliuwt dat âlderen salang mooglik thús wenjen bliuwe kinne. As it nedich is kin der gebrûk makke wurde fan foarsjennings fan Leppehiem sa as it iepen-yttafelprojekt, de wykfunksje ensf. Hooplik komt der ek noch in útwreiding fan'e dei-opfang. Omt der 15 plakken ferdwine en der de kommende tiid in opnamestop is is it wol tige wichtich dat der in goed oerlis komt mei de ekstramurale foarsjennings yn ús gemeente, lykas de gesinssoarch en de wykferpleging omt der de kommende tiid mear wurkdruk komme kin. De plannen binne kreatyf op har fraksje oerkommen. It docht wol bliken dat de kommende tiid foar Leppehiem tige "roerig" wêze sil, sawol foar de bewenners as foar it personiel. Har fraksje hopet dat oer tri je jier it belied, dêr't no mei begûn wurde kin, ynfierd wêze kin. Se freget oft it kolleezje ek sizze kin om hokfoar bedragen it giet yn agendapunt 20 ûnder nûmer 3 wêr't sprutsen wurdt oer in bydrage de wente sadat de hierpriis ridlik bliuwe kin. Ek wol se graach witte wannear't dêr mear dúdlikens oer is. Frou Watzema seit dat har fraksje in protte wurdearring hat foar de plannen fan Leppehiem dy't makke binnen op'e takomst. In takomst dêr't seker fan is dat it tal alderen grutter wurdt. It is us soarch de zins "Verzorgd wonen een zorg minder" wurklikheid wurde te litten. Fral no't it tal plakken minder wurde sil is foarúttinke en ynspylje op dy nije sitewaasje needsaaklik. As der dêrneist ek oan minsken fan bûtenút soarch oanbean wurdt dan is dat hiel posityf. Se tjsut dan op it fergrutsjen fan'e rekreaasjeseal, it iepen-yttafel-projekt en de oanrinfunksje. As dêrneist ek noch de oanleunwenten realisearre wurde kinne dan lokwinsket se Leppehiem dêrmei. De hear Van der Baan kin alhiel ynstimme mei de útstellen. Hy hat grutte wurdearring foar de plannen fan Leppehiem ek foar de wize wêrop se op papier set binne. De útlis fan'e direkteur is in komplimint wurdich. Syn soarch giet wol út nei de lytse doarpen wêr't yn'e takomst ek wer nije wenten boud moatte wurde kinne. De hear Dotinqa is it iens mei de útstellen. Hy is der bliid mei dat der op dizze wize wat foar de alderen dien wurde kin. 0076V 51

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 8