- 10 - Syn fraksje kin mei de formulearring yn'e reaksjenota ynstimme. Yn juny sil besjoen wurde yn hoefier dat ek ferwurde is yn'e fierdere stikken. Yn'e reaksjenota wurdt oanjûn dat in flugge ûntjouwing fan'e Burd ynpast wurde kin yn'e stedsgewestlike planning. Sjoen de belangen dy't ek syn fraksje hat by de fierdere ûntjouwing fan De Burd as rekreaasjegebied freget hy mei klam dat de fierdere ûntjouwing net los te meitsjen wêze soe fan it stedsgewest. De Burd soe ek as him ûntwikkelingen foardogge earder, los fan it stedsgewest, oppakt wurde moatte kinne. It moat net sa wêze dat we wachtsje moatte soene op dit stedsgewest as it al earder útfierd wurde kin. Yn'e krante stie dat it it doel is it P.M.-kanaal binnen in tal jierren te ferbreedzjen en te ferdjipjen mei it each op in grutter oanbod fan skippen. It kolleezje jout oan soargje te wollen foar in goede alternatieve rekreative farroute en seit ek dat it ynfieren fan'e triuwfeart al bard is. Syn fraksje fynt dat de rekreative wearde fan it P.M.-kanaal yn stân hâlden wurde moat en sy wolle aanst net konfrontearre wurde mei allegear sitewaasjes feroarsake troch de triuwfeart wêrtroch neat meer mooglik wêze soe foar de rekreaasjefeart. Hy is wol bliid mei de opmerking yn it riedsbeslút dat it need- saaklik achte wurdt op koarte termyn dúdlikens oer it gebiet, wat it fergrutsjen fan it wetterareaal oanbelanget, te krijen. Yn'e le êfdieling hat syn fraksje al sein de Himpensermar net útslute te wollen en dat de diskusje oer it fergrutsjen fan it wetterareaal net skrast wurde moat sa't de V.V.D. wol mar dy diskusje moat by foarrang fierd wurde. Ek om de ûngerêstens wei te nimmen. Wergea is posityf ten oansjen fan it plan mar sjocht ek mei de nedige skepsis nei in tal ûntjouwings. Hy tinkt dat der foar soargje wurde moat dat Wergea yn it stedsgewest syn gerak krijt. De hear Volberd» seit dat syn fraksje wol goede punten fine kin yn it rapport. Hy stelt foarop dat De Burd wol ûntwikkele wurde moat. Fierders fynt hy it in goede saak dat de fargelegenheid fan Ljouwert nei Grou ferbettere wurdt. Hy is der net foar dat der lânbougrûn ûntlutsen wurdt foar it fergrutsjen fan it wetterareaal. Teneartsen kostet dat wurkgelegenheid en it bringt in protte ûnwissens mei foar de minsken dy't no harren bestean op dy lânbougrûn hawwe. We binne op't lést ek in agraryske gemeente en dat moatte we heech hâlde. We hawwe mei in grutte broer te krijen en dan moatte we wol op ús iepenst wêze en hy tinkt dan altiten mar oan it ferhaal fan kening Achab en Naboth dy't it úteinlik ek ferlieze moast fan'e grutte kening doe't der in kwestje wie oer in wyngerd. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje dit plan oer it gene raal posityf wurdearret. Benammen omt hjir gemeenten meielkoar oparbeidzje. It plan seis is lânskiplik-ekologysk goed ûnderboud. Dat we meielkoar noed stean foar in grutter gebiet, it steds gewest Ljouwert, is in positive ûntjouwing. 0086V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 14