- 15 - It ynisjatyf om te kommen ta it omlizzen fan'e Boorn skynt fan de Wettersportferiening te kommen met stipe fan de Vereniging voor Handel, Nijverheid en Dienstverlening. Der is in brief ynkommen, mei it fersyk dat de gemeente de saak wol op tiid oanpakt. Der moat in koartsluting kommen mei de oare plannen sadat it ek yn it bestimmingsplan opnommen wurde kin. Hy freget hoe't it kolleezje der tsjinoer stiet en hoefier de plannen wat dat oanbelanget binne. Op'e ynspraakjûn waard ta gerêststelling fan'e bewenners fan'e Sitadel in foar harren geunstige ûntwikkeling meidield. Dat hâlde wol yn dat der foar oare ynwenners wer in probleem kaam. Hy fynt dat ek foar dy minsken der in goede gelegenheid ta ynspraak komme moat. Der sil benammen mei de famylje Bakker praten wurde moatte en ek mei de bewenners fan Akkrum-east. Hy wol graach witte yn hoefiere dat al oppakt is. De hear Volberda hat deselde fraach als de heer Bouma. Hy hat heard dat it akoestysk ûndersyk hjir gjin rol spilet omt der eins te min ferkear op dizze dyk is. Klopt dat? De hear Van der Baan hat deselde fragen as de hear Bouma. Hy fynt dat mei de omlizzing fan'e Boorn net wachte wurde moat op it bestimmingsplan. Der moat no al kontakt mei Rykswetter- steat opnommen wurde om te besjen hokker oplossing men der sjocht, om de omlizzing te realisearjen. Mooglik kinne we út provinsjale fûnsen jild krije, it giet op't list om in boppe-ge- meentlik belang. Wethâlder Breeuwsma seit dat it kolleezje yndied faak tsjin'e finansjele grinzen oanrûn is. Dy moasten faak trochbrutsen wurde en dat is ek mei goede arguminten ferskate kearen slagge. Om it frachtferkear te kearen sil de tunnel net heger wurde as 3,,5 meter. Der kin in bus krekt ûndertroch en in frachtauto net. Bedriuwen yn'e buert sille wol fan'e tunnel gebruk meitsje moatte kinne. Hoe't dat útwurke wurde moat is op dit stuit noch, net oan'e oarder. Der is troch guon sprekkers steld dat it hiel moai wêze soe as de omlizzing fan'e Boorn fanôf it akwadukt nei de Nessersylroede ta realisearre wurde koe. It duorret noch in tal jierren foar't it safier is en yn tuskentiid moat der hurd oan wurke wurde. It giet lykwols om in protte jild. Der binne wat yndikaasjes wat it kostje moat. Yn elts gefal sil der in foarse subsydzje by moatte en sille we ek seis wer in part betelje moatte. Wat de ludsoerlêst oanbelanget giet it om in hiel technysk ferhaal. As yn dit gefal in hegere wearde oanfrege wurdt, sil dy ek ferliend wurde. It is hiel wichtich dat de dyk asfaltearre wurdt omt dêrtroch de lûdshinder minder wurdt. Mei oare wurden, it ferkear sil ôfnimme en de dyk wurdt asfaltearre en dêrtroch sil der in ûntheffing ôfjûn wurde. 0086V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 19