- 16 - In heal klaverblêd is ferkearstechnysk net mooglik en yn dit gefal ek noch ferkearsûnfeilich. De no keazen oplossing is de iennichste dy't mooglik is. It oansluten fan it wetter fan'e Nessersylroede op it akwadukt ta is tige op oantrune. Mei de wettersport en de W.H.I.N. is ek altiten oerlis west. Yn it wurk soe it net safolle skele. Mei Rykswettersteat is oerienkommen dat it akwadukt in bytsje ferbrede wurdt sadat der in dyk by troch kin. Der moat lykswols noch wol 2,5 km dyk by oanlein wurde en dat kostet ek 2,5 miljoen. De provinsje wol planologysk wol meiwurkje mar hat finansjeel de middels net. En dat komt ek omt der nochal frij wat ekstra jild stutsen is yn it akwadukt. Foar de Sitadel binne de problemen gelokkich oplost. De oansluting bij de variant Bakker is ek net aardich foar de famylje Bakker. Rykswettersteat sil de nedige foarsjennings yn oerlis mei Bakker treffe moatte om de lûdsoerlêst te beheinen. Der sil mei skermen wurke wurde. De hear Betlehem seit dat it dorhs -fan oïnnnmy«v v.oi?T1g foar ús gemeente is dat de dyk oanlein en de Boom omlein wurdt. Miskien dat der yn Brussel noch wat te heljen is. Syn fraksje is bliid dat it mei de Sitadel sa oplost is. Wat de famylje Bakker oanbelanget sil de gemeente ek de finger oan de pols hâlde moatte. It giet aanst om hiel Akkrym-east en as der guon dingen feroarje moatte de bewenners noch wol goede foarljochhting hawwe en op'e hichte halden wurde. De hear SjBouma fynt wol dat it sin setten wurde moat op it oanlizzen fan'e dyk no't it akwadukt der al breder foar makke wurdt. Hy fynt dat de gemeente ek in rol hat yn it oplossen fan'e problematyk run de famylje Bakker en Akkrum-east. De hear Van der Baan hat sein dat yn dit gefal fan'e omlizzing fan'e Boom de provinsje dat betel je moatte soe omt der in boppe-gemeentlik belang mei tsjinne is. Hy freget hoe't de problematyk run de famylje Bakker ôfhannele wurdt. Wethâlder Breeuwsma seit dat der yntinsyf oerlis wêze sil mei de provinsje oer it bekostigjen fan'e omlizzing fan'e Boorn en it oanlizzen fan de dyk. Der sil in behoarlike subsydzje komme moatte omt de gemeente it net seis betelje kin. Der wurdt 'ek grif oer it wurk mei wurk-meitsjen neitocht. Rykswettersteat heart de oplossing te sykjen en te oerlizzen mei de famylje Bakker. As Bakker fynt dat Rykswettersteat him der wat of makket dan moat hy mar by de gemeente komme. It kolleezje is wol ree om mei te wurkjen in goede oplossing te finen. 0086V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 20