- 22 - Net lang dêrnei is de wurkgroep úteinset mei fertsjintwurdigers fan'e belutsen organisaasjes út Grou, de provinsje, de gemeente en hysels ut namme fan de ried. It wie in entûsiaste wurkgroep dy't yn in koart skoftke tiid in soad op in rychje set hat. It rapport is yn feite in totaalfysje op de ûntjouwing fan Grou sawol op ekonomysk mêd as op it mêd fan romtlike oardering, it wenjen en de kultuer. Der steane sterke en swakke punten fan Grou yn. Sterke punten moatte útboud wurde en tagelyk moat der each wêze foar de swakke punten. Hy wol inkelde saken spesifyk neame. As earste kin fêststeld wurde dat twa opfallende saken, de opwurdearring fan Yn'e Lijte en it yndustrieterrein Biensma no al realisearre binne. Oare saken giet it noch net sa hommels mei. Hy neamd yn dat ramt De Blikpôle. It rapport stelt fêst dat it fan belang is dat it grien syn gerak der hâldt. Tagelikertiid soe der romte wêze moatte foar it oanlizzen fan in dam wêrtroch der in beskerme sitewaasje ûntstiet sadat der ek oanlisplakken oanlein wurde kinne. Hy is hiel nijsgjirrich nei de stân fan saken oangeande it troch in partikulier yntsjinne plan. Hy wol nochris wize op it belang fan in promenade lans de hiele wetterkant. Mei beheinde middels kin der in prachtige wei oanlein wurde. De toiletakkommodaas^e is ien fan'e, ek fanút provinsjale en lânlike nota's, meast winsklike foarsjennings We binne der noch net út. It kolleezje jout oan dat der oan wurke wurdt. Hy freget nei de stân fan saken. Dat der mear boaten oanlein wurde kinne oan'e kade soe ten koste gean kinne fan'e rûnfeartboaten. Hy freget yn hoefiere it oerlis mei de eksploitanten en it sykjen nei in alternatyf al begûn is. De kommisje jout oan dat it berne-iisbaantsje oan'e Troelstrawei tige geskikt is as parkearfoarsjenning. Dat soe no al fêst oanpakt wurde kinne, los fan alle oare ûntwikke1ingen It grien is ek sa'n punt dêr't al te lang oer praat is en dêr't no einliks ris in aai lein wurde moat. Nei syn betinken is it sa dat de wurkgroep dy't dêr oer giet mei in fysje kommen is en hy ynfoarmearret ek hjir nei de stén fan saken. Dan is der noch de direkte relaasje tusken Pikmar en it Stork- terrein/De Minne finne. Dêr rint de hierperioade hast óf 'en binne we ta oan it ja dan nee sanearjen fan'e fersmoarge boaiem. De tiid moat brûkt wurde om sa gau mooglik in definitive kar te meitsjen tusken it hanthavenjen fan'e wenbestimming en in oare funksje. Der moat net fergetten wurde yn'e kommende tiid mei de oare, oan it P.M.-kanaal lizzende gemeenten, om'e tafel te gean om op in rychje te setten wat úteinlik it belang is fan it P.M.-kanaal foar dy gemeenten yn it bysûnder mar ek foar Fryslan yn syn gehiel. 0086V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 26