GEMEENTE BOARNSTERHIM 18. Utstel oangeande it jaan fan in namme oan de nije iepenbiere skoallemienskip foar fuortset ûnderwiis yn de gemeente. Oan de gemeenteried. Grou, 30 maart 1990. Lyk as jimme bekind is, hat jimme ried yn syn gearkomste fan 19 desimber 1989 besletten om de skoallemienkip "Mid-Fryslân" te Akkrum en de Carel van Roordaskoalle te Grou gear te foegjen ta in skoallemienskip foar mafû/l.b.û Akkrum/Grou en omkriten. By syn beslút fan 20 maart 1990, nûmer VO/VH/PV-90009158 (A75-739) hat de steatssiktatis fan ûnderwiis en wittenskippen syn goedkarring jûn oan neamd riedsbeslút. It is it doel, dat de nije skoallemienskip mei yngong fan 1 augustus oansteande offisjeel útein sette sil. Mei it each dêrop hat de stjoergroep, dy't de fúzje fan beide skoallen tariedt, him ûnder oaren dwaande holden mei it jaan fan in tapaslike namme oan de skoallemienskip yn oprjochting. De stjoergroep stelt út om de nije skoallemienskip de namme te jaan fan "O.S.G. Mid-Fryslân" Mei de stjoergroep binne wy fan betinken, dat dy namme as karakteristyk foat dizze omkriten oanmurken wurde kin. Wy stelle jimme dan ek út om de iepenbiere skoallemienskip, dy't yngeande 1 augustus 1990 ûntstiet troch de fúzje fan de s.m. "Mid-Fryslân" te Akkrum (mfû/l.b.û.) en de Carel van Roordaskoalle "4 te Grou (mafû) de namme te jaan fan: "O.S.G. Mid-Fryslân" It ûntwerp-riedsbeslút datoangeande leit foar jimme by de riedsstikken op besjen. Boargemaster en wethalders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0085V 38

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 56