*&k GEMEENTE BOARNSTERHIM 20. Utstel oangeande de beneaming fan in direkteur fan de nije iepenbiere skoallemienskip foar fuortset ûn- derwiis Oan de gemeenteried. Grou, 30 maart 1990. No't de steatssiktaris fan ûnderwiis en wittenskippen by beslút fan 20 maart 1990, nûmer VO/VH/PV-90009158 (A75-739) syn goedkarring jûn hat oan it riedsbeslút fan 19 desimber 1989, nûmer 23 oangeande de fúzje tusken de iepenbiere skoallemienskip foar mafû/lbû te Akkrum (s.m. "Mid-Fryslân") en de iepenbiere mafû-skoalle te Grou (Carel van Roordaschool) moat foarsjoen wurde yn de direksje fan de nije iepenbiere skoallemienskip, dy't mei yngong fan 1 augustus 1990 offisjeel útein sette sil. By riedsbeslút fan 2 jannewaris 1984, nûmer 11 is fêstlein, dat it beneamen, en it ûntslaan fan de direkteuren fan de iepenbiere skoallen foar fuortset ûnderwiis ta it foech fan jimme ried heart. Op grûn fan de saneamde fúzjesirkulêre fan 30 augustus 1985, nûmer DI/AB 85-30 komme de direkteuren fan de skoallen, dy't fusearje, as direkteur fan de nije skoalle yn'e beneaming. Behalven ien direkteur (ienhaldige lieding) is it ek mooglik twa direkteuren te beneamen yn in twahadige lieding. De stjoergroep, dy't ûnder foarsittersskip fan de wethâlder fan ûnderwiis, de fúzje tusken beide skoalle taret hat, hat yn syn gearkomste fan 23 febrewaris 1990, mei achtslaan fan de mieningen fan de belutsen meisizzenskipsrieden, it personiel fan de beide skoallen en de besteande behearskommisje him bugd oer in ienhadige of twahadige lieding en besletten de mieningen fan neamde ynstânsjes oan ús foar te lizzen. Wy ferwize jimme nei de stikken, dy't op besjerr lizze. Wy binne mei de mearderheid fan de oanbelangjende ynstânsjes en persoanen fan betinken, dat de nije skoallemienskip it beste tsjinne wurdt mei in ienhadige direksjefoarm. De direkteur fan de Carel van Roordaschool, de hear TjMartens te Grou, hat him net kadidaat steld foar de funksje fan direkteur fan de skoallemienskip yn oprjochting, omdat syn arguminten pleitsje foar in twahadige lieding. Yn ferbân dêrmei beheint de kandidaatstelling him yn dit gefal ta de direkteur fan de s.m. "Mid-Fryslân" de hear J. Lok te Akkrum, dy't him allinne kandidaat steld hat by de kar foar in ienhadige lieding. De ynspekteur fan it algemien fuortset ûnderwiis te Ljouwert kin him lykfine mei dizze kandidatuer en hat dat oangeande in posityf advys útbrocht en dat selde jildt foar de 3e ôfdieling fan jimme ried. 0086V 39

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 61