2Ingekomen stukken. Punt 9. Frou Santema freget har yn earste ynstansje of, hoe't wy as boargers der ta kaam binne it molkepak ynstee fan de flesse te brûken. Dat hie neffens har der fral mei te krijen dat it makliker is omt it pak lichter is en men hoecht ek net mei in flesse werom nei de winkel. Men stie der net by stil dat dy kartonnen mei in laachje plestik ek op'e offalberch komme en ferbaand wurde moatte. No wurdt der in nije, lichtere retourflesse brocht dy't wol sa'n 40 kear te brûken is, lykas de âlde flesse. Se trunet de boar gers fan Boarnsterhim oan dy flesse te brûken. It miljeu fart der wol by. Der komt boppedat minder Sffal yn'e pûde en dat skeelt de gemeente ek stoartkosten. De voorzitter is blij dat mevrouw Santema op deze wijze het verzoek wil ondersteunen. Punt 15. Frou Watzema wiist derop dat net fergetten wurde moat foar 16 oktober 1990 in nij ynstânhâldingsbeslút te nimmen. Wethâlder Bloem seit dat dat goed yn'e gaten halden wurde sil. Vervolgens worden de ingekomen stukken, voor zover niet anders aangegeven, voor kennisgeving aangenomen. 3Mededelingen. Punt 2 Frou Ziilstra fynt it fijn dat op dizze wize de jûnsskoalle- mienskip trochgean kin. Se freget werom der gjin útstel is om in waarnimmer te beneamen omt it dochs wol wichtich is op dy wize kontakten te hâlden. De voorzitter zegt dat het college van mening is dat de porte feuillehouder onderwijs als waarnemer moet worden aangewezen. Punt 4. De heer Renia seit dat syn fraksje him goed fine kin yn it antwurd. Hy fynt dat it OLAF him goed dwaande hâlde moat mei previnsje en mei volumereduks je. As dat dien wurdt is sa'n grutte prestiizje-oven lang sa gau net needsaaklik. Dan kin deputearre Steijvers noch wolris gelyk krije dat ien oven foar it hiele noarden foldwaande wêze kin. Punt 5. Frou Watzema freget oft der ek noch wer yn'e ôfdieling oer dit ûnderwerp praten wurde sil. As dat net sa is fynt sy it spitich dat it sa lizzen bliuwt. Har fraksje is der foar om partikulier ynisjatyf op in ferantwurde wize ynfold, te simulearjen. Wethâlder Bloem seit dat it ferhieren fan gemeentegebouwen dele- gearre is oan it kolleezje en it kolleezje hat it beslút nommen. Se wol dat beslút wol yn'e 3e Sfdieling taljochtsje. 0086V 2 - 2 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 6