- 3 - Vervolgens worden de mededelingen voor kennisgeving aangenomen. 4- Voorstel tot verkoop van het recreatie-oord Yn'e Liite te Grou. De hear G_.Bouma seit dat it goed is dat syn fraksje yn'e gear- komste fan juny 1989 útdruklik sein hat dat de ferkeap allinne mar ûnder binende betingsten plakfine meie soe. Dit yn tsjinstelling tot V.V.D. en C.D.A. dy't mar amper in pear as hielendal gjin betingsten oan'e ferkeap stelle woenen. No hawwe we én dy kontinuïteit yn kwalitatyf opsicht dy't we winsken én it jild dat in strukturele oanpak fan rekreatieve foarsjennings rûnom it gebiet mooglik makket. Sa hat in goed ôfwûgen beslútfoarming, nettsjinsteande it tumult ôfrûne simmer, in prima ferfolch krigen mei in glorieus ein. De wize wêrop it kolleezje en dêrnei it amtlik apparaat, benam- men de hear Van der Horst, de ferkeapproseduere opset hat fertsjinnet alle lof. Op in rychje set: in krease beskriuwing fan'e betingsten yn it saneamde "reade boek", wêrtroch eltse potinsjele keaper wist wêr't hy as sy rekken mei hâlde moast; it advertearjen; it omgean met de 18 ynkommen oanbiedings; it kommen ta in 5-tal, dêr't petearen mei fierd binne troch de foarsitter en de hear Van der Horst; - it Sflizzen fan besites oan de twa beste oanbiedingen; it berikte risseltaat, ynklusyf it bod; de tige fertroulike en korrekte ôfhanneling nei alle belut- senen. Sa as al opmurken wie de P.v.d.A. allinne foar ferkeap ûnder inkelde útdruklike betingsten. It wiene dan ek dizze betingsten tegearre mei it bod en it ynvestearringsplan dy't de kar bepaald hawwe. We hawwe us net blyn stoarre op allinne mar in heech bod. We woenen perfoarst net in ûntjouwing dat Yn'e Lijte in soarte Center Parcs wurde soe of der't alles by stikken en bytsjes ferkocht wurde soe. Dat soe foar de foars jenning en de ynkommens fan in protte minsken, benammen Grousters, earnstige gefolgen hand hawwe. Under de besite oan de hear Fopma yn Spanje hat hy yn'e petearen dan ek de klam op de takomstige ûntwikkeling fan dit gebiet lein. Yn dy sin hat hy fertrouwen yn'e keaper, de saneamde Spaanske Fries. Nei oanlieding fan'e ófspraken dy't makke binne en op grûn fan'e waarnimmings yn Spanje is hy der fan oertsjûge dat de kommende 3 jier datjinge realisearre wurdt dat yn it "reade boek" stiet en seis datjinge dat yn de noch fêst te stellen nota "ontwik kelingsvisie recreatie en toerisme te Grou" oan winsken en betingsten opnommen is. En dat is net in bytsje yn sa'n koart skoftke tiid. 0086V 3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 7