- 4 - Net allinne geografysk mar fral kwa aard en eigenskip helje we mei dizze Spaanske Fries de positive tsjinpoal fan'e út'e lite- ratuer ferneamde "Spaanske Brabander" yn'e hûs. De hear Fopma nimt Yn'e Lij te "goïng concern" oer en dêrmei is al oan in wichtige betingst, nammentlik de oername fan it perso- niel, foldien. Ek wurde alle besteande ferplichtigs oernommen en dat is fan grut belang foar sawol pachters as hierders en de belangenfer- iening. Dêrnei wurdt Yn'e Lijte yngeand renovearre en fral opwurdearre, sûnder dat dit ta skea fan'e belangen giet dy't yn dit gebiet sa'n grutte rol spile hawwe. Tenearsten de jachthaven dy't foar Grou fan grut belang is. Dizze bliuwt syn hjoed- deistige funksje hâlden mei de klam op kwalitative ferbettering en útwreiding fan'e service. Hjirby wurdt tocht oan: trailerhel ling, hysynstallaasje, tank- en reparaasjefoarsjennings, mar ek oan feiliger parkeren. De kamping bliuwt yn syn hjoeddeistige foarm bestean, ek hjir sille kwalitative ferbetterings plakfine. Der sil rioalearring oanlein wurde. Oan wjerskanten wurdt der wetter yn it gebiet brocht. Dêrtroch sille sawol nij te bouwen lükse bungalows oan it wetter stean mar ek de seizoenplakken krije in direkte relaasje mei it wetter. De entree sil ferfongen wurde troch mear representative en mear funksjonele gebouwen. Foar de úteinlike ynfolling sil earst in helberheidsûndersyk dien wurde. De relaasje mei it doarp Grou is foar syn fraksje, mar ek, sa hat bliken dien, foar de keaper fan grut belang. Der wurdt tocht oan in bettere ferbining tusken beide gebieten. Koartsein, we kinne net allinne de famylje Fopma lokwinskje mei sa'n unyk stikje Fryslân mar ek ússels as gemeente Boarnsterhim mei dizze transaksje. De eksploitaasje wurdt ommers neffens ús winksen fuortset wylst wy tagelikertiid jild oerhâlde foar it opwurdearjen fan'e rekreative foarsjennings yn'e gemeente en yn Grou yn't bysûnder. Sa as yn it beslút stiet sille de betingsten noch neier formu- learre wurde. Hy leit de klam op it formulearjen. It giet der ommers om om datjinge wat oerienkommen is op in profesjonele wize fêst te lizzen. Hjirtroch kinne yn'e takomst misferstannen te foaren kommen wurde. Syn fraksje fynt it prima dat it kolleezje ien en oar neier útwurkje lit. Ta eintsje beslút giet hy der fanút dat yn'e eardere beslútfoar- ming al in bestimming jûn is oan it positive saldo. Hy wol alfêst de suggestje meijaan om de saak struktureel oan te pakken. We hawwe no de middels om én de planfoarming én dielen fan'e plannen te finansjierjen. Dat moat dan ek op koarte termyn barre! Mevrouw Aukes zegt dat de voorgestelde verkoop van het recrea tie-oord Yn'e Lijte al heel wat voeten in de aarde heeft gehad en de nodige tongen losgemaakt. Een paar jaar geleden werd door alle partijen onderkend dat er het één en ander diende te gebeuren. Oftewel, investeren om bij te blijven. 0086V 4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 8