-16- Soms wie se wol jaloers op dyjinge dy't in dreech amtlik stik ïen kear liezen en it dan ek begrepen hie. Mar ek dat wende en learde. As se wer weromsjocht op dy 12 jier dan is dat in stik fan har libben west dat goed bestege is. Se hat in protte kennis opdien, se hat mei minsken omgien en nei harren harke en konklúzjes lutsen. Se hat besocht foar de ynwenners fan Utingeradiel en letter fan Boarnsterhim wat te betsjutten. Dat meidraaien sa tichtby sil se grif misse, mar op in ôfstân sil se it wol folgje. Yn dyjinge dy't har opfolget hat se it folste betrouwen. Se sil alle riedsleden misse. Fjouwer ferskillende partijen, soms heaks opelkoar. Mar as jo de programma's neistelkoar lizze dan ûntrinne se mekoar net sa folie. Riedsleden binnen minsken dy't harren frije tiid opofferje om meielkoar de gemeente sa goed mooglik bestjoere te kinnen. Se winsket de riedsleden dy't wer werom komme in bulte sterkte. Se wol dit noch tsjin harren sizze. Tink net te gau negatyf oer elkoar. Besykje saaklik te fergaderjen. Lang prate, der waard sy soms nuver slûch fan. Gean net of op geroften en hâld earen en eagen iepen foar dat wat der bard. Doe't se sneontemiddei mei dit ferhaaltsje siet te skriuwen hearde se boargemaster Holtrop foar de radio. Se hearde him sizzen: "wa't besluten nimt sÛnder rekken te halden mei de winsken fan'e befolking ferliest syn werken- berheid". Se is it der hielendal mei iens. Se winsket de foarsitter en de riedsleden foar de takomst in bulte wiisheid, takt en begryp ta yn m moai en sûn Boarnsterhim. Frou A, 2ijlst;r^ seit dat se no nei goed 10 jier de rie ferlit. Minsken ut har omjouwing witte dat se der net sa rouwich om is. Mei in bulte wille hat se rom 10 jier foar de minsken yn't spier west. Dat ferget in bulte fan in riedslid en ek freget it in protte tiid. Thus hat se dan ek gjin kabel. Se hie de léste tiid it idee dat se net mear baas oer harsels wie mar dat de agenda dat wie. Minsken út har omjouwing seach se hast net, tiid foar hobby's wie der net. In stúdzje Humanistyk en oare hobby's der krijt se no mear tiid foar en dat liket har dan ek skoan ta. Tsien jier yn't spier foar de partij en foar de gemeente. Soms mei nocht en soms net. Der wiene goede beslissings en beslissings der't se mear muoite mei hie. De leste jierren wiene, troch allegear omstannichheden, net de beste. Besunigingen fregen offers fan ús boargers. Se hie wolris muoite mei sokke besluten. As we it de boargers wol goed dúdlik makke kind hawwe wit se eins net. Se hat der har twifels oer. Dat komt ek troch de réaksje dy't de gemeente, en dus ek de riedsleden soms ôfjûgen oan'e minsken en ek wol krigen. Lytse f ragen dêr't gjin goed antwurd op kaam. De leste tiid hat se har der oer fernuvere. 0089V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 19